bronnen

Eindexamen fries havo 2014, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Serious gaming

11p
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1 foar de tekst?
A Alinea 1 is in gearfetting.
B Alinea 1 is in konklúzje.
C Alinea 1 jout de oanlieding.
D Alinea 1 jout de probleemstelling.
21p
Sitearje it sindiel dat de kearn fan alinea 2 foarmet.
31p
Wat is it ferbân tusken de sinnen “De Japanners … yn Amsterdam.”
(r. 35-36) en “Yn Tokyo … te kommen.” (r. 37-40)?
De twadde sin
A is in foarbyld by wat yn de earste sin beweard wurdt.
B leit út wat yn de earste sin bedoeld wurdt.
C lûkt in konklúzje út wat yn de earste sin sein wurdt.
D sprekt tsjin wat yn de earste sin steld wurdt.
“It efterhelle imago fan de game-yndustry kin dus al lang de jiske-amer
yn.” (r. 13-15)
42p
Neam twa foarbylden fan dat efterhelle imago. Helje dyn antwurd út de
alinea’s 1 oant en mei 4.
51p
Sitearje de sin dy’t in definysje fan ‘serious games’ jout.
61p
Hokker wurd omskriuwt de aktiviteit dy’t oan it eigentlike ûntwerpen
foarôfgiet? Helje dyn antwurd út alinea 6.
72p
Neam twa foardielen fan it spultsje dat Grendel Games ûntwikkele hat
foar bern mei in serebrale parese (alinea 7).
81p
Sitearje út de tekst in oar wurd foar ‘laparoskopy’ (r. 174).
Grendel Games operearret ynternasjonaal.
92p
Jou de twa foarbylden dêrfan dy’t yn de tekst neamd binne.
102p
Yn hokker trije alinea’s wurdt mear ferteld oer in tal serious games dy’t
Grendel Games ûntwikkele hat?
112p
Wêryn ferskilt de doelgroep út alinea 8 mei de earder neamde
doelgroepen?
121p
Wat hat de skriuwer as wichtichste skriuwdoel foar eagen?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje

opgave 2Tekst 2 Drinkende bern: sloppe âlden

“It is altyd itselde ferske.” (r. 1)
131p
Omskriuw mei eigen wurden wat dat ferske ynhâldt.
Brûk net mear as 20 wurden.
141p
Wat is it ferbân tusken “Mar freegje … se drinke.” (r. 6-9) en de alinea’s 2
en 3?
Yn de alinea’s 2 en 3
A bringt de skriuwster in nuansearring oan by de bewearing.
B ferbynt de skriuwster in konklúzje oan de bewearing.
C leit de skriuwster út hoe’t se by de bewearing komt.
151p
Wat wie neffens alinea 4 de reaksje fan Petra Hoekstra op de
ûnderfiningen fan de skriuwster?
A Se lei de redenearring fan âlden út.
B Se naam it op foar de bern.
C Se tocht dat der neat oan te dwaan is.
D Se wie der net al te besoarge oer.
“Mar blykber leinen dy har der dochs by del, dat harren eigen jonge de
iene nei de oare jûn smoardronken thúskaam.” (r. 24-27)
162p
Neam twa redenen wêrom’t âlden hjir neffens Hoekstra net folle tsjin
ûndernimme.
“En sjoch … dyn bern.” (r. 41-46)
171p
Hokker stylfiguer brûkt de skriuwster hjir?
A irony
B metafoar
C paradoks
D understatement
182p
Sitearje út alinea 6 de sin dêr’t de skriuwster in objektyf argumint yn jout
foar it ferbieden fan alkohol oan jongeren.
191p
Fan wa binne de wurden yn it tekstpart “Tsjin in … of acht.” (r. 59-66)?
A fan âlden
B fan jongeren
C fan Petra Hoekstra
D fan skriuwster Jantien de Boer
201p
Wat is neffens de skriuwster it swakke punt fan de jongeren?
Yn alinea 7 draacht de skriuwster in oplossing oan om it alkoholgebrûk
ûnder jongeren oan te pakken.
212p
Hokker twa eleminten befettet har oplossing?
“As in puber fan syn âlden net drinke mei, leart er dat er om frisdrank
freegje moat.” (r. 75-78)
Yn alinea 8 neamt de skriuwster lykwols in probleem.
221p
Hokker probleem neamt sy?
De skriuwster jout yn de alinea’s 7 oant en mei 9 in seistal negative
kwalifikaasjes oangeande it hanneljen fan âlden dy’t it brûken fan alkohol
by jongeren net ferbiede.
233p
Notearje 5 kwalifikaasjes.
Teksten kinne bestean út:
1 feiten
2 mieningen fan oaren
3 de miening fan de skriuwer
241p
Wat komt foar yn dizze tekst?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 2 en 3
D 1, 2 en 3
251p
Wat is de haadgedachte fan de tekst?
A Alden en bern dy’t beide alkohol drinke, binne beide superstom.
B Alden fan wa’t de bern op jonge leeftyd alkohol drinke meie, binne
slop.
C Alden moatte jongeren ferbiede om alkohol te drinken oant se âld
genôch binne om ûnôfhinklik in kar te meitsjen.
D Alkohol bringt net te ferhelpen skea ta oan it brein fan jongeren.
261p
Watfoar tekstsoarte is de tekst ‘Drinkende bern: sloppe âlden’?
A It is in riddenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.

opgave 3Tekst 3 Help, de fyts ferhippet

271p
Wat is it ferbân tusken “De measte … thús dwaan.” (r. 15-17) en
“Fyts op … is makke.” (r. 17-19)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in redenjouwend/oarsaaklik ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Yn alinea 1 stiet dat der yn Nederlân gjin demokratysker ferfiermiddel is
as de fyts.
281p
Sitearje de sin út de alinea’s 2 oant en mei 6 dy’t dat demokratyske
aspekt werjout.
“Mar it nivellearjende fan de fyts, it oer-Nederlânske elemint, ferdwynt ek.”
(r. 70-72)
291p
Wêr docht dat út bliken?
Dizze ynlieding heart by de fragen 30 en 31.
Kuipers en Van der Laan pleitsje yn de alinea’s 8 oant en mei 12 beide
foar it ‘gewoan’ hâlden fan de fyts.
301p
Hokker argumint jout Kuipers yn alinea 10?
312p
Hokker twa arguminten jout Van der Laan yn de alinea’s 11 en 12?
321p
Wat is it wichtichste skriuwdoel fan de tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oertsjûgje
331p
Hoe wurdt de titel ‘Help, de fyts ferhippet’ it bêste ferklearre?
A De fyts wurdt hieltyd mear in artikel foar in bepaalde maatskiplike
klasse.
B De fyts wurdt yn Nederlân hieltyd faker troch de auto ferfongen.
C De fyts wurdt ynternasjonaal in hieltyd wichtiger ferfiermiddel.
D De fyts wurdt te djoer foar de gewoane man.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.