bronnen

Eindexamen fries havo 2017, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Fingerseintsje by Brahms wol 40.000 kear op en del

11p
Mei hokker begryp kin de funksje fan de ynlieding boppe de tekst it bêst
beneamd wurde?
A definysje
B doelstelling
C konstatearring
D miening
“Neffens Woldendorp … ynspanning ta” (r. 12-15)
21p
Watfoar eftergrûn hat dizze bewearing fan refalidaasjedokter
Woldendorp?
A in emosjonele eftergrûn
B in empiryske eftergrûn
C in morele eftergrûn
“Dy rjochtet … dwaan kinne.” (r. 26-28)
31p
Wêr ferwiist it wurdsje ‘dy’ nei?
41p
Wat wie de reden foar Woldendorp om him te spesjalisearjen yn
muzykblessueren?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 5 en 6.
Ut de twa foarbylden dy’t Woldendorp yn alinea 3 jout, falt ôf te lieden
wêrom’t er muzykmeitsjen topsport fynt.
52p
Jou de twa redenen.
62p
Is Kalma it mei de refalidaasjedokter iens dat muzykmeitsjen topsport is?
Ljochtsje dyn antwurd ta mei it ynhâldlike argumint fan Kalma.
Yn alinea 4 wurde oarsaken foar it ûntstean fan blessueren jûn.
72p
Neam de fjouwer oarsaken.
82p
Hokker blessueren fan in trombonist waarden earder yn de tekst neamd?
91p
Hoe slút alinea 5 ynhâldlik oan op alinea 4?
A Alinea 5 jout in foarbyld by wat yn alinea 4 sein is.
B Alinea 5 jout in nuansearring by wat yn alinea 4 sein is.
C Alinea 5 jout in oanfolling by wat yn alinea 4 sein is.
D Alinea 5 jout in útlis by wat yn alinea 4 sein is.
101p
Op hokker wize kin de tekst it bêst typearre wurde?
A It is in redenearring mei skôgjende eleminten.
B It is in skôging mei útiensettende eleminten.
C It is in útiensetting mei oertsjûgjende eleminten.

opgave 2Tekst 2 Lûden fertelle it ferhaal fan de omjouwing

111p
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1?
Yn alinea 1 wurdt
A in anekdoate jûn.
B in begryp útlein.
C in koarte skiednis sketst.
D in saakkundige yntrodusearre
Yn alinea 2 wurde twa ferskillende begripen beskreaun.
122p
Neam beide begripen en jou by elk begryp in koarte beskriuwing.
“Ferskate lûden kinne inoar fersterkje en byinoar it ferhaal fan de
omjouwing fertelle.” (r. 28-30)
131p
Hokker stylfiguer brûkt de skriuwster hjir?
A eufemisme
B hyperboal
C metonymia
D personifikaasje
141p
Mei hokker formulearring fettet Andringa gear watst bûten hearst ast it lûd
fan ferkear fuorthellest (r. 38-40)?
Sitearje it sinpart út alinea 3.
151p
Mei hokker twa begripen kinst it ferbân tusken de alinea’s 4 en 5 oanjaan?
A beskriuwing - redenen
B ferskynsel - oarsaak
C stânpunt - arguminten
D útlis - nuansearring
162p
Neam seis typysk Fryske lûden dy’t yn de tekst neamd wurde.
Helje dyn antwurd út alinea 6.
Alinea 7 kinst beskôgje as in útwurking fan in útspraak dy’t Andringa yn
alinea 5 dien hat.
171p
Sitearje de bedoelde útspraak.
181p
Wêrom is it neffens Andringa no wol in goede tiid om belied te meitsjen?
(r. 132-133)
A omdat de impact fan lûd noch net serieus nommen wurdt
B omdat de oanpak fan desibellen gjin súkses wie
C omdat de oerheid him allinne mar fierder weromlûkt
D omdat der in grut ferlet fan kwalitative ferbettering is
“‘de partisipaasjemaatskippij of - sa’t wy dat yn Fryslân ek wol neame - de
‘mienskip’.’” (r. 141-143)
191p
Sitearje it sinpart dat beskriuwt wat dêrmei yn dizze tekst bedoeld wurdt.
201p
Wat is it doel fan dizze tekst?
A amusearje
B ynformearje
C ynstruearje
D oertsjûgje
211p
Hokker doel hat Andringa benammen mei de dingen dy’t er seit?
A amusearje
B ynformearje
C ynstruearje
D oertsjûgje
De volgende inleiding hoort bij de vragen 22 tot en met 25.
De tekst kin ferdield wurde yn fjouwer tekstparten:
Tekstpart 1: alinea 1 oant en mei 3
Tekstpart 2: de alinea’s 4 en 5
Tekstpart 3: de alinea’s 6 en 7
Tekstpart 4: alinea 8 oant en mei 10
221p
Hokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 1?
A Fragen oer soundscape
B Krityk op soundscape
C Resint ûndersyk nei soundscape
D Utlis fan soundscape
231p
Hokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 2?
A In nij 3D-lûdsysteem
B Lûd en it ymmúnsysteem
C Noflike lûden by terapy
D Soundscape by soarchynstellingen
241p
Hokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 3?
A Feroaringen yn lûden
B Fryske lûden
C Ynfloed fan lûd op fûgels
D Lânskip en lûden
251p
Hokker tuskenkopke past it bêst by tekstpart 4?
A De ynfloed fan globalisearring
B Minder desibellen
C Sintrale autoriteit
D Werom nei noflike lûden

opgave 3Tekst 3 De wearde fan skiednis

261p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A it beskriuwen fan de oanlieding
B it formulearjen fan it stânpunt fan de skriuwer
C it jaan fan in gearfetting foarôf
D it stellen fan in foar de tekst wichtige fraach
Yn alinea 2 wurde op figuerlike wize foarbylden beskreaun fan soarten
skiednis dy’tst yn in skiedniswinkel keapje kinne soest.
272p
Jou de twa wurden út alinea 2 dy’t skiednis as taastber guod oantsjutte.
“Dat sil skommelje as oandielen fan multynasjonals.” (r. 21-22)
281p
Hokker foarm fan byldspraak wurdt hjir brûkt?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
De volgende inleiding hoort bij de vragen 29 en 30.
Yn alinea 3 jout de skriuwster antwurd op de fraach: “Wie skiednis eartiids
kostber?” (r. 23).
292p
Neam de twa ûnderdielen dêr’t de fraach troch har mei beäntwurde wurdt.
301p
Hokker konklúzje kin men út it antwurd fan de skriuwster lûke?
311p
Hokfoar soarte arguminten wurde it meast jûn yn alinea 4?
A autoriteitsarguminten
B emosjonele arguminten
C feitlike arguminten
D morele arguminten
321p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 7 en 8?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjouwend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Yn alinea 8 giet de skriuwster yn op in emosjonele funksje fan skiednis.
Yn de beskriuwing dêrfan sit yn tsjinstelling.
332p
Jou oan wat dy tsjinstelling is.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
341p
Wat is de funksje fan alinea 9?
A Alinea 9 jout in gearfetting fan de tekst.
B Alinea 9 jout in konklúzje by de tekst.
C Alinea 9 is in oprop oan de lêzer.
D Alinea 9 is in warskôging foar de lêzer.
Nei it lêzen fan de hiele tekst kinst de fraach “Wat soe ‘skiednis’ dan
wurdich wêze?” (r. 4-5) beantwurdzje.
352p
Neam de twa aspekten dêr’t de wearde fan skiednis neffens de skriuwster
út bestiet.
361p
Hokfoar soart tekst is “De wearde fan skiednis”?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.