opgave 1Tekst 1 It firus fan lok
“‘Dy kolleezjes … depressyf binne.’” (ynlieding)
11pHokker funksje hat it sitaat fan Jeroen Stek yn it ynliedende tekstpart?

It formulearret in anekdoate.

It formulearret in konklúzje.

It formulearret in probleemstelling.

It formulearret in stânpunt.
Yn alinea 1 wurdt Jeroen Stek fierder yntrodusearre.
21pSitearje it wurd út de ynlieding dat Stek it bêste beskriuwt.
Yn alinea 2 wurdt in ûndersyk fan de universiteit fan Harvard oanhelle.
31pSitearje de sin dêr’t de wichtichste konklúzje fan dat ûndersyk yn jûn
wurdt.
“‘it giet om in dierbere en djippe konneksje mei oaren.’” (r. 30 en 31)
41pSitearje út alinea 2 de twa wurden dy’t de basis binne fan dierbere en
djippe konneksjes.
51pHokker advys jout Stek yn de alinea’s 3 en 4 om mei positive emoasjes
om te gean?

Positive emoasjes moat men fêstlizze.

Positive emoasjes moat men mear oandacht jaan.

Positive emoasjes moat men stjoere.

Positive emoasjes moat men traine.
61pHokker advys jout Stek yn de alinea’s 3 en 4 om mei negative emoasjes
om te gean?

Men moat jin skamje foar negative emoasjes.

Men moat negative emoasjes erkenne.

Men moat negative emoasjes mei frjemden diele.

Men moat negative emoasjes sêft meitsje.
71pSitearje it sinpart út alinea 4 wat it gefolch is ast negative emoasjes
ûnder it kleed fagest.
Yn rigel 71 stiet it wurd “‘knoffeljendewei’”.
81pLis yn eigen wurden út wat Jeroen Stek mei boppesteande wurd bedoelt.
92pNim it skema oer en folje de trije stappen yn dy’t neffens alinea 6 nedich
binne om it lichem yn in goede balâns tusken kortisol en DHEA te bringen.
101pLis yn eigen wurden út wêrom’t boartsjen neffens Stek goed is om it brein
yn in mear ûntspannen tastân te krijen.
Basearje dyn antwurd op alinea 7.
Yn alinea 9 wurdt in tsjinstelling jûn.
111pBeskriuw dy tsjinstelling.
“Hieltyd in … kennis dus.” (r. 158-160)
121pYn hokker twa alinea’s yn de tekst wurdt it belang fan dissipline oanjûn?

yn alinea 3 en 5

yn alinea 3 en 8

yn alinea 5 en 9

yn alinea 8 en 9
“sûnder dat der in pil oan te pas komt.” (ynlieding)
131pSitearje de sin út de alinea’s 8 oant en mei 10 der’t dy útspraak yn
nuansearre wurdt.
141pHokker doelen hat Stek mei it teäterkolleezje benammen foar eagen?

advisearje en ynformearje

advisearje en oantrune

ferdivedearje en ynformearje

ferdivedearje en oertsjûgje
151pWat is it wichtichste doel fan de skriuwer mei dizze tekst?

ferdivedearje

ynformearje

oantrune

oertsjûgje
opgave 2Tekst 2 Harkje ek ris nei it plattelân
161pWat is de wichtichste funksje fan alinea 1?

Der wurdt in anekdoate jûn.

Der wurdt in miening út de doeken dien.

Der wurdt in sintrale fraach steld.

Der wurdt in skiednis sketst.
Yn de alinea’s 2 en 3 sketst de skriuwster in byld hoe’t it har as studinte
yn de Nederlânske haadstêd fergien is.
171pSitearje de twa opienfolgjende wurden út alinea 1 dy’t as tuskenkopke
boppe dy twa alinea’s as bêste passe.
181pBeskriuw de tsjinstelling yn it hâlden en dragen fan de skriuwster as
studinte yn Amsterdam.
Basearje dyn antwurd op alinea 3.
191pWêrom harke de skriuwster yn har Amsterdamske jierren nei Omrop
Fryslân?
Neam twa redenen.
201pWat is it ferbân tusken “Dan wurde … de sûpkeet’.” (r. 62-70) en
“Untkrêftsjende berjochten oer stereotypen binne der meastal net.”
(r. 71 en 72)?

It is in oarsaaklik ferbân.

It is in opsomjend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 21 en 22.
“Guon plattelânslju lizze harren del ûnder dy hiërargyske struktuer dy’t
harren oplein wurdt”. (r. 84-86)
211pSitearje it wurd út alinea 5 dat itselde karakter hat as “hiërargyske
struktuer dy't harren oplein wurdt”.
221pWat wurdt der yn dizze tekst mei “dy hiërargyske struktuer” bedoeld?

Dat de minsken út de stêd harren boppe plattelânslju sette.

Dat de plattelânslju de advizen út de stêd net opfolgje.

Dat de plattelânslju in calimerokompleks ûntwikkelje.

Dat guon stereotypen tankber eigen makke wurde.
232pOp hokker trije ferskillende wizen reagearje plattelanners op de stedske
byldfoarming fan harren?
Helje dyn antwurd út de alinea’s 6 en 7.
Yn rigel 125 brûkt de skriuwster de term “agraryske archetype”.
241pSitearje it sinpart út alinea 7 dat it foarbyld jout fan boppesteand begryp.
Yn de alinea’s 9 en 10 wurde de resultaten beskreaun fan it lytse
ûndersyk dat de skriuwster dien hat.
251pWat is de misfetting dy’t der hearsket oer minsken fan it plattelân?
“Dus in foaroardiel oer in foaroardiel.” (r. 131 en 132)
261pLis op basis fan alinea 9 yn eigen wurden út hokker foaroardiel oft de
plattelânsbewenners hawwe.
271pWat is de oarsaak derfan dat plattelânsbewenners in better byld hawwe
fan stedsbewenners as oarsom?
Helje dyn antwurd út alinea 10.
Yn alinea 10 jout de skriuwster in oanrikkemandaasje oan
stedsbewenners.
281pHokker oanrikkemandaasje is dat?
Yn de alinea’s 10 en 11 jout de skriuwster trije oanrikkemandaasjes foar
plattelânsbewenners.
292pHokker trije punten binne dat?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 30 en 31.
Yn de alinea’s 12 en 13 jout de skriuwster in beskriuwing fan hoe’t har
bertedoarp him ûntwikkele hat yn de tiid dat se der net wenne.
303pJou de fiif positive punten fan dy ûntwikkeling.
311pWat is in negatyf punt fan dy ûntwikkeling?

De winkels misse noch.

Der is te min wenromte.

Eardere klasgenoaten komme werom.

Eardere klasgenoaten wurkje foar stedske bedriuwen.
321pHokker skaaimerken hat alinea 15?

Alinea 15 befettet in ferklearring en in advys.

Alinea 15 befettet in konklúzje en in winsk.

Alinea 15 befettet in warskôging en in winsk.

Alinea 15 befettet nije ynformaasje en in advys.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
331pWa is of wa binne neffens de skriuwster ferantwurdlik foar de kleau tusken
de stêd en it plattelân?

benammen de plattelânsbewenners

benammen de stedsbewenners

sawol de plattelânsbewenners as de stedsbewenners

noch de plattelânsbewenners noch de stedsbewenners
Yn rigel 220 hat de skriuwster it oer “myn eigen syktocht”.
341pYn hokker alinea omskriuwt de skriuwster wêrom’t sy dy syktocht begûn?

alinea 1

alinea 2

alinea 3

alinea 4
351pHokker soart tekst is ‘Harkje ek ris nei it plattelân’?

It is in redenearring.

It is in skôging.

It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.