bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2009, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Alle dagen op ’en paad en aparte ferhalen oanhearre

11p
De ynlieding is yn de ‘ik-foarm’ skreaun.
Wa is dy ‘ik’?
A de baaljemeiwurker fan Omrop Fryslân
B de meiwurker fan de buroredaksje
C de programmamakker fan HEA!
D de skriuwer fan it artikel
21p
Wat is de funksje fan de ynlieding fan dizze tekst?
A in gearfetting fan de tekst
B in yntroduksje fan Janko Krist
C in yntroduksje fan it programma HEA!
D in presintaasje fan it ûnderwerp
31p
‘Dy minsken….’ (r. 12)
Wa wurde dêr mei bedoeld?
A de buroredakteuren fan HEA!
B de ynformanten fan de ferskate lokale blêden
C de sjoggers fan HEA!, dy’t tips trochjouwe
D de sjoggers fan HEA! en de ynformanten fan de blêden
41p
‘Sa wie … droege-plantesamling’ (r. 28-29)
Wat jout it sinjaalwurd ‘Sa’ oan?
A der folget in foarbyld
B der folget in gefolch
C der folget in mooglikheid
D der folget in oarsaak
51p
‘Ik krij bylden te sjen …..’ (r. 50)
Watfoar bylden binne dat?
A bylden út in eardere ôflevering fan HEA!
B bylden út in nije ôflevering fan HEA!
C opnamebylden dy’t hast hielendal klear binne
D opnamebylden dy’t noch fierder bewurke wurde moatte
61p
Wat past as kopke it bêste boppe alinea 4?
A Byldmateriaal
B Einmontaazje
C Kamerawurk
D Passende muzyk
71p
Alinea 3, 4 en 5 steane net yn in gronologyske folchoarder.
Hokker folchoarder soe wat it opnameproses fan HEA! oangiet better wêze?
A alinea 3, alinea 5, alinea 4
B alinea 4, alinea 5, alinea 3
C alinea 4, alinea 3, alinea 5
D alinea 5, alinea 3, alinea 4
E alinea 5, alinea 4, alinea 3
82p
‘moaie opnames …….as ‘tuskenshots’ brûke kinne.’ (r. 100-101)
Watfoar twa funksjes hawwe dy ‘tuskenshots’?
Helje dyn antwurd út alinea 5 en brûk net mear as 10 wurden.
Lês ûndersteande ynformaasje foar it beantwurdzjen fan de fragen 9 en 10.
Yn alinea 2 en yn alinea 6 wurde taken fan de buroredaksje neamd.
91p
Hokker taak wurdt yn alinea 2 neamd?
101p
Hokker taak wurdt yn alinea 6 neamd?
111p
‘Bloedserieus die se dat ek noch.’ (r. 138-139)
Wat jout dy sin oan?
A Janko Krist begriep dy frou net goed.
B Janko Krist hie dat hielendal net ferwachte.
C Janko Krist hie eins in hekel oan dy frou.
D Janko Krist naam dy frou hiel serieus.
122p
‘Wy sykje … nijsgjirrige, opfallende en boeiende minsken op ….’ (r. 38-40)
Yn de tekst wurde hjir fjouwer foarbylden fan neamd.
Hokker foarbylden binne dat?
131p
Troch hokker programma hat Janko Krist leafde foar de televyzje krigen?
A Dankert & Dankert
B Friesland Vaart
C HEA!
D Spegels
Lês ûndersteande ynformaasje foar it beantwurdzjen fan de fragen 14 en 15.
Dizze tekst kin yn trije parten ferdield wurde:
1 de ynlieding
2 it part oer it meitsjen fan it programma HEA!
3 it part oer de persoan Janko Krist
141p
Mei hokker alinea begjint part 2?
151p
Mei hokker alinea begjint part 3?
161p
Watfoar byld komt út de tekst nei foaren fan de persoan Janko Krist as
programmamakker?
A in noch wat skrutene learling-programmamakker
B in programmamakker dy’t graach mei oaren in programma makket
C in programmamakker dy’t graach syn eigen gong giet
D in programmamakker dy’t graach ûnder lieding fan oaren wurket

opgave 2Tekst 2 Jetske Bilker (1960) oer har oersetting fan Harry Potter

171p
Hokker funksje hat alinea 1?
A Der wurdt in anekdoate presinteard dy’t past by it ûnderwerp.
B Der wurdt op foarhân in gearfetting fan de tekst presinteard.
C It ûnderwerp fan de tekst wurdt presinteard.
D It skriuwdoel fan de tekst wurdt presinteard.
181p
Hokker ferbân is der tusken alinea 1 en alinea 2?
A foarwaardlik ferbân
B oanfoljend ferbân
C oarsaaklik ferbân
D tsjinstellend ferbân
191p
Wêrom hat Jetske Bilker Harry Potter oerset yn it Frysk?
A Omdat Harry Potter ek yn oare lytse talen ferskynd is.
B Omdat it sa’n súksesfol boek is.
C Omdat sy der foar frege waard.
D Omdat sy it sa’n moai boek fûn.
202p
“Komst ris... dyn eigen.” (r. 20-22)
Neam de beide ferskillen dy’t Jetske Bilker tsjinkaam by har oersetting.
211p
Hokker ferbân is der tusken alinea 3 en alinea 4?
A oarsaaklik ferbân
B opsomjend ferbân
C tsjinstellend ferbân
D útlizzend ferbân
221p
Wêr moat in oersetter neffens Jetske Bilker yn syn wurk goed rekken mei hâlde?
(sjoch alinea 4)
A Dat bern te min geef Frysk hearre.
B Dat in oersetting minder sfear hat as it orizjineel.
C Dat in protte Fryske útdrukkings stadichoan út de taal ferdwine.
D Dat it lykwicht tusken geef Frysk en jongereinfrysk net sa maklik te finen is.
232p
Tusken de earste en de twadde sin fan alinea 5 stiet as lêsteken in punt.
Hokker lêsteken hie de skriuwster fan dizze tekst hjir ek brûke kinnen?
Lis it antwurd út. Brûk net mear as 15 wurden.
242p
Yn de earste rigel fan alinea 5 seit Jetske Bilker dat se net safolle hat mei
fantasyliteratuer.
Bliuwt se by dy útspraak yn it ferfolch fan alinea 5?
Lis it antwurd út. Brûk net mear as 15 wurden.
251p
Yn alinea 6 hopet Jetske Bilker dat Harry Potter yn it Frysk troch jonge lêzers
eigener fûn wurde sil.
Wat sil dy groep lêzers wierskynlik net “eigen” fine? (sjoch alinea 4)
261p
Hokker argumint brûkt Jetske Bilker yn alinea 6 foar de útjefte fan de Fryske
Harry Potter?
A Der binne ek fertalings ferskynd yn oare (lytse) talen.
B Der binne net in protte Fryske boeken útjûn foar de jeugd fan Fryslân.
C Der komme in protte positive réaksjes oer de Fryske útjefte op de Harry
Potter-site.
D Der sille in protte lêzers wêze dy’t in Fryske Harry Potter eigener fine.
271p
Wat is it wichtichste skriuwdoel fan dizze tekst?
A It is foaral in ferdivedearjende tekst mei foarbylden fan teksten út it Fryske
Harry Potterboek.
B It is foaral in ynformearjende tekst oer it ta stân kommen fan it Frysk Harry
Potterboek.
C It is foaral in oertsjûgjende tekst oer de winsklikens fan de útjefte fan in
Frysk Harry Potterboek.
D It is foaral in oantrunende tekst om safolle mooglik Fryske Harry
Potterboeken te ferkeapjen.

opgave 3Tekst 3 Bestseller Harry Potter yn it Frysk

281p
Watfoar soarte fan tekst is dit?
A in ferslach
B in folder
C in ynstjoerd stik
D in resinsje
291p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 2?
A Diel ien
B Ferantwurding
C Oersetting
D Wiebe Buddingh’
301p
Hokker ferbân is der tusken de lêste sin fan alinea 4 (r. 53-57) en it
foarôfgeande part fan dy alinea?
A Yn de lêste sin steane foarbylden by de ynhâld fan it foarôfgeande part.
B Yn de lêste sin steane gefolgen fan de ynhâld fan it foarôfgeande part.
C Yn de lêste sin stean konklúzjes by de ynhâld fan it foarôfgeande part.
D Yn de lêste sin steane oarsaken foar de ynhâld fan it foarôfgeande part.
311p
Wat fynt Jant van der Weg fan Mûzema as Fryske namme foar Harry syn famylje
(r. 66)?
Motivearje it antwurd. Brûk dêrfoar net mear as 20 wurden.
321p
Wêrom hellet Jant van der Weg yn dizze tekst hyltyd de Nederlânsktalige
oersetting oan?
A Omdat de Nederlânske oersetting sa goed skreaun is en wurdearre wurdt.
B Omdat Fryske bern dy oersetting faak ek al lêzen ha.
C Omdat sy de kwaliteit fan de Fryske oersetting mei de Nederlânske
fergelykje wol.
D Omdat sy it frjemd fynt dat Bilker dy oersetting ek brûkt hat.
331p
Hokker konklúzje past it bêste by de tekst?
A Van der Weg fynt de Fryske oersetting better as de Nederlânske.
B Van der Weg fynt de Fryske oersetting wol better, mar de Nederlânske hat
ek syn pluspunten.
C Van der Weg fynt de Nederlânske oersetting better as de Fryske.
D Van der Weg fynt de Nederlânske oersetting wol better, mar de Fryske hat
ek syn pluspunten.
341p
Hokker bewearing oer de tekst fan Jant van der Weg is wier?
A De tekst giet foaral oer de betsjutting fan de Harry Potter boeken.
B De tekst giet foaral oer it ferhaal yn Jetske Bilker har oersetting.
C De tekst giet foaral oer de taal yn Jetske Bilker har oersetting.
D De tekst giet foaral oer de wearde fan de oersetting foar jonge Fryske
lêzers.
351p
“No mar hoopje dat de oplage gau útferkocht is, …” (alinea 7).
Yn hokker alinea spilet de ferkeap fan Harry Potter-boeken ek in rol?
De folgjende fragen geane oer de teksten 2 en 3.
361p
Yn tekst 2 (alinea 4) giet Jetske Bilker yn op it lykwicht tusken geef Frysk en
gongber Frysk.
Yn hokker alinea fan tekst 3 behannelet Jant van der Weg datselde aspekt?
371p
Wêr wurde beide teksten mei ôfsluten?
A Mei in konklúzje
B Mei in oprop
C Mei in warskôging
D Mei in winsk
381p
Jant van der Weg hat krityk op it brûken fan wurden as ‘sayts’ (sjoch tekst 3,
r. 41).
Yn hokker alinea fan tekst 2 stiet in mooglik antwurd fan Jetske Bilker op dy
krityk?

opgave 4Tekst 4 Beand Baas en Smarige Skep meitsje Frysk “fet”

391p
“It moat net mâlder wurde.” (r. 1)
Wêr fernuveret de skriuwer fan dit artikel him oer?
A Oer it feit dat der in Frysktalige rap op de top fan de lanlike hitlisten stiet.
B Oer it feit dat in Fryske rap oanslacht yn Limburch en Seelân
C Oer it sukses fan Eminem.
D Oer it sukses fan ‘knuffelmarokkaan’ Ali B.
401p
De hit “Wachtsje op foarútgong” is in protestsong.
Wêr wurdt tsjin protesteard?
A Tsjin ferskillende ûntwikkelingen dy’t yn Drachten spylje.
B Tsjin gearwurking fan trije muzykynstituten yn Drachten.
C Tsjin it Drachtsterfeartprojekt.
D Tsjin trage beslútfoarming fan it gemeentebestjoer.
411p
Wat foeget de fideoklip ta oan ’e dokumintêre?
421p
“Beand Baas en Smarige Skep waarden belle om de muzyk te fersoargjen.”
(r. 61-63)
Troch wa waarden se belle?
A Troch de gemeente Smellingerlân en De Lawei
B Troch De Lawei en De Meldij
C Troch De Lawei, Iduna en De Meldij
D Troch De Meldij, The Box en Iduna
431p
Wêrom stjoerden Visser en Jansma de fideoklip nei The Box?
441p
De fideoklip wie in grutte stimulâns foar de karriêre fan Beand Baas en Smarige
Skep. (alinea 4)
Sitearje in sin dêr’t dat út bliken docht.
451p
De fideoklip wie in grutte stimulâns foar de karriêre fan Beand Baas en Smarige
Skep. (alinea 4)
Wa of wat is ek stimulearre troch de fideoklip? (alinea 5)
A De beslútfoarming yn Smellingerlân
B De muzyk fan Rowwen Hêze
C De rapmuzyk yn Fryslân
D It brûken fan it Frysk
461p
It duo lit him de holle net oerstjoer bringe troch it sukses.
Sitearje in sin út alinea 4, dêr’t dat út bliken docht.
472p
Wat is it doel fan de fergeliking fan de raps fan Beand Baas en Smarige Skep
mei de lieten fan Rowwen Hêze?
Sjoch foar de lêste fragen de folgjende side.
481p
Wêrom binne Beand Baas en smarige Skep begûn mei it rappen yn it Frysk?
A Omdat se fêst hâlde woene oan har eigen styl.
B Omdat se tochten dat it wol sukses ha soe.
C Omdat se de posysje fan it Frysk fersterkje woene.
D Omdat se dat wol grappich fûnen.
491p
Op hokker alinea slút Eelke Wiegersma oan mei it sinpart “blanke rappers, from
the streets of Drachten”?
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.