bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2025, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 De Alvestêdetocht: in musical of in tocht?

11p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
A It is in anekdoate.
B It is in gearfetting.
C It is in miening.
D It is in oanlieding.
21p
“moat Schoustra de azem ynholden hawwe.” (rigels 22 en 23)
Wêrom soe Schoustra de azem ynholden hawwe neffens de skriuwer?
A Schoustra is der bang foar dat de tocht in ferskriklik drama wurde sil.
B Schoustra kin hast net leauwe dat de tocht nei tweintich jier wer
holden wurde sil.
C Schoustra tinkt dat it iis net goed genôch is troch de
miljeufersmoarging.
D Schoustra twifelet deroan oft der wol genôch belangstelling foar de
tocht is.
31p
Wat is it ferbân tusken “Wy hawwe … bêst sjoen” (rigels 27 en 28) en “in
moaie … en mienskip.” (rigels 28-32)?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
41p
“iepenbiere waansin.” (rigel 36)
Sitearje de sin dy't it bêste oanjout wat de skriuwer dêrmei bedoelt.
51p
“De folgjende tochten, yn 1986 en 1987, wiene oars.” (rigels 36-38)
Wêrom wiene dy tochten oars?
61p
Wat is it ferbân tusken “De tradysje … eleminten krigen.” (rigels 40-47) en
“De Alvestêdetocht … as ferstân.” (rigels 47-52)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
71p
“Foar it … it neiteam.” (rigels 56-64)
Wat bedoelt de skriuwer mei dat tekstpart?
De skriuwer tinkt dat
A by de Alvestêdetocht deselde regels jilde as by de Fjouwerdagerin-
tocht fan Nijmegen.
B de Alvestêdetocht mear bysûnder is as de Fjouwerdagerintocht fan
Nijmegen.
C de minsken dy’t de Fjouwerdagerintocht fan Nijmegen dien hawwe, de
Alvestêdetocht ek útride.
D men fan de Alvestêdetocht karakter krijt en fan de Fjouwerdagerin-
tocht fan Nijmegen net
81p
Wat is in passend tuskenkopke boppe de alinea's 4 en 5?
A Erkenning
B Massahystery
C Realiteit
D Toeristen
91p
Wat is it ferbân tusken “Doe folge … hinne spilen.” (rigels 71-76) en “Dit
jier … de Alvestêdetocht.”? (rigels 76-78)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
102p
“De winsk … wiermeitsje kin.” (rigels 80-83)
Wêrom tinkt de skriuwer dat?
Neam de twa oarsaken.
112p
Hjirûnder stean trije útspraken.
Jou mei in krúske oan hokker útspraak/útspraken oft de skriuwer al of
net docht.
útspraak al net De Alvestêdetocht soe kommersjeler makke wurde moatte.     It soe ferplichte wêze moatte om de startkaart oan in oar te jaan ast te âld bist om de Alvestêdetocht te riden.     It organisearjen fan in Alvestêdetocht bringt swierrichheden mei him mei.    
121p
Anneke Douma song yn har liet: “‘ast it net hellest hindert neat!’”
(rigels 112 en 113).
Ut de tekst docht bliken dat der in tsjinoerstelde hâlding bestiet.
Yn hokker alinea docht de skriuwer útspraken dy’t op in oare hâlding
wize?
131p
Yn de ynlieding boppe de tekst wurdt praat fan massahystery. Hokker
wurden slute ynhâldlik it bêste oan by ‘massahystery’?
A “in ferskriklik fiasko” (rigel 17)
B “iepenbiere waansin” (rigel 36)
C “De tradysje” (rigel 40)
D “it sûne ferstân” (rigels 109 en 110)
141p
In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan
1. feiten
2. syn eigen miening
3. mieningen fan oaren
Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst benammen gebrûk fan makke?
A fan 1 en 2
B fan 1 en 3
C fan 2 en 3
D fan 1, 2 en 3
151p
Wat binne de doelen fan de tekst?
A ferdivedearje en oantrune
B ynformearje en oantrune
C ynformearje en oertsjûgje
D oertsjûgje en ferdivedearje

opgave 2Tekst 2 It swartbûnte Fryske fee

161p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
A De ynlieding yntrodusearret de ko yn Fryslân troch de jierren hinne.
B De ynlieding jout in anekdoate oer de feroaring fan de ko yn Fryslân.
C De ynlieding jout in konklúzje fan de tekst.
D De ynlieding sketst in skiednis oer de feroaring fan Fryslân en de ko.
171p
Yn alinea 2 wurde de Fryske topbollen Blitsaerd Keimpe, Aagjes
Adema, Súdhoekster Piet Eduard en Bûtenmoark Juwiel neamd.
Wêrom gobberen hannelers yn Fryslân op dy topbollen?
181p
Wat wurdt bedoeld mei de oantsjuttingen ‘bonkerakken’, ‘kuierjende
kapstokken’ of ‘út de kluten woeksen geiten’? (rigels 72-74)
A dat de Amerikaanske Holstein Friesians in lomper karakter hiene as it
âlde Fryske stamboekfee
B dat de Amerikaanske Holstein Friesians in stik grutter wiene as it âlde
Fryske stamboekfee
C dat de Amerikaanske Holstein Friesians mear molke joegen as it âlde
Fryske stamboekfee
D dat de Amerikaanske Holstein Friesians minder fleis hiene as it âlde
Fryske stamboekfee
191p
“‘kuierjende kapstokken’”. (rigels 72 en 73)
Hokker stylmiddel wurdt hjir brûkt?
A byldspraak
B irony
C oerdriuwing
D tsjinstelling
201p
Boppe hokker alinea soe it tuskenkopke ‘De Fryske ko komt werom’
passe?
212p
Wêrom binne Wypkje van Dam en Sytze Faber net meigien mei de
saneamde Holsteinisearring?
Neam de trije redenen.
221p
Yn de ynlieding boppe de tekst stiet: “It melkfee hat de lêste fiif desennia
al in yngripende feroaring trochmakke. De kij dy’t tsjintwurdich yn it Fryske
lânskip weidzje, sjogge der hiel oars út as de kij fan fyftich jier lyn.”
Sitearje foar de jierren fyftich de sin dêr’t de skaaimerken fan de ko yn
Fryslân út bliken dogge.
232p
Neam de twa ferskillen tusken de Frysk-Hollânske kij en de Amerikaanske
Holstein Friesians.
241p
Hokker skaaimerk fan de Frysk-Hollânske kij wurdt it meast wurdearre?
251p
Watfoar soart tekst is dit?
A It is in ferdivedearjende tekst.
B It is in ynformearjende tekst.
C It is in oantrunende tekst.
D It is in oertsjûgjende tekst.

opgave 3Tekst 3 Op ’en nij berne Tet Rozendal spilet Axomama

opgave als beeld van het examen
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst? De skriuwer wol de oandacht fan de lêzer lûke troch A de haadrolspylster te yntrodusearjen. B de lêzer nijsgjirrich te meitsjen. C in anekdoate oer de haadrolspylster te jaan. D in gearfetting fan de tekst te jaan.
Yn de ynlieding stiet dat de kariêrre fan Tet Rozendal dea en begroeven wie. Hokker stylmiddel wurdt brûkt yn ‘dea en begroeven’? A byldspraak B irony C oerdriuwing D tsjinstelling
Wat is it ferbân tusken “‘Ik haw … wêze soe’” (rigels 17-19) en “‘mar New York … sleeps’, yndied!’” (rigels 19-21)? A It is in gearfetsjend ferbân. B It is in oanfoljend ferbân. C It is in tsjinstellend ferbân. D It is in útlizzend ferbân.
“‘Mar ik koe it oan.’” (rigels 21 en 22) • Wat koe Tet Rozendal oan?
Troch in ûngelok rûn Tet Rozendal in harsentrauma op. • Neam de twa gefolgen fan dat harsentrauma foar har.
“‘ik hie it stik ek net lêzen doe’t ik ja sei.’” (rigels 79 en 80) • Wêrom sei Tet Rozendal ‘ja’ wylst se it stik net lêzen hie?
Wat fynt Tet Rozendal sa moai oan it spyljen fan de rol fan Axomama yn de Bildtse Aardappelweken ?
opgave als beeld van het examen
Tet Rozendal docht wat útspraken oer de regisseur Theo Smedes. • Krús oan wat al en net wier is. Theo Smedes fielt as in fertroud persoan oan foar Theo Tet Smedes Rozendal. is in âld-freon fan Tet Rozendal. Theo Smedes ken se fan de Bildtse Aardappelweken Theo Smedes lit . Tet Rozendal sels bepale…

Tet Rozendal docht wat útspraken oer de regisseur Theo Smedes. • Krús oan wat al en net wier is. Theo Smedes fielt as in fertroud persoan oan foar Theo Tet Smedes Rozendal. is in âld-freon fan Tet Rozendal. Theo Smedes ken se fan de Bildtse Aardappelweken Theo Smedes lit . Tet Rozendal sels bepale hoe’t se har rol ynfollet.

Tet Rozendal libbet har libben oars en stiet oars yn it libben nei har fal. Har libbensmotto is ‘safolle mooglik yn it no libje’ (rigels 25 en 26). • Sitearje it tekstpart dêr’t yn stiet hoe’t Tet Rozendal har libbensmotto tapast yn har wurk.
Sitearje it sinpart dêr’t út bliken docht watfoar soarte foarstelling oft Axomama neffens Tet Rozendal is. De tekst kin rûchwei ferdield wurde yn fjouwer parten. part 1: ynlieding part 2: Tet Rozendal har libbensrin part 3: it spyljen fan Axomama part 4: konklúzje
By hokker alinea begjint part 3? A alinea 3 B alinea 4 C alinea 5
Wat is it wichtichste doel fan de tekst? A ferdivedearje B ynformearje C oantrune D oertsjûgje Bronvermelding Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen behorende correctievoorschrift.