opgave 1Tekst 1 It fersin fan René Descartes
11pHokker funksje hat alinea 1?
A gearfetting
B yntroduksje
C konklúzje
D oanlieding
21pWat is de kearnsin fan alinea 1?
31pWat is it ferbân tusken alinea 1 en alinea 2?
A oarsaaklik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
43pHoe stekt de argumintaasje yn alinea 2 yninoar? Gean út fan hiele sinnen en
brûk yn it antwurd de begripen ‘argumint’, ‘konklúzje’, ‘stelling’ en ‘subargumint’.
52pWêrom is it fersin dat yn alinea 3 neamd wurdt ‘kartesiaansk-eftich’? Brûk net
mear as 15 wurden.
Yn alinea 4 wurde doel en wurkwize fan it ‘kafetaria-eksperimint’ neamd.
62pHokker flater makket de ûndersiker yn dy alinea? Brûk net mear as 25 wurden.
“Wy wienen … wjirms wol.” (r. 56-58)
72pHokker ferklearring jout de skriuwer foar de ûnferwachte kar fan de fûgels?
Brûk net mear as 20 wurden.
81pWat is de relaasje tusken de sinnen “Yn de … te kreakjen.” (r. 60-64) en “Sa die
… har spiermage.” (r. 64-67)?
A oarsaaklik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
Mei de sin “Dat wie … ferkeart, ensafierder.” (r. 70-77) jout Piersma in
ûnderbouwing fan in bewearing út de foargeande alinea’s.
91pHokker bewearing is dat? Brûk net mear as 15 wurden.
102pWat is opmerklik yn Piersma syn brûken fan it stylmiddel retoaryske fraach yn
alinea 8? Brûk net mear as 20 wurden.
111pWat is de soartgelikense oantsjutting fan ‘couchpotatoes’ by de mients?
122pWat is de haadgedachte fan alinea 8? Brûk net mear as 20 wurden.
Yn alinea 9 komme ferskillende typen fan argumintaasje foar.
131pSitearje de drôchreden yn dy alinea.
Oare argumintaasjefoarmen as de drôchreden binne bygelyks argumintaasje op
grûn fan ‘autoriteit’, fan ‘fergeliking’, fan in ‘foarbyld’ en fan ‘ûnderfining’.
142pWiis twa fan boppesteande argumintaasjefoarmen oan yn alinea 9 en sitearje de
sinnen dy’t dêr by hearre.
Piersma neamt de tinkwize fan Hawking dat de minske de ierde skylk ferlitte
moat, in grut fersin (alinea 12).
152pWat is it fersin dat Hawking neffens de skriuwer makket? Brûk net mear as
15 wurden.
“By de … wie permanint.” (r. 203-205).
162pHokker tinkflater makket de skriuwer mei dy opmerking? Brûk net mear as
15 wurden.
172pFan hokker ynkonsekwinsje tsjûget dy opmerking? Brûk net mear as 15 wurden.
182pHoe komt it dat de gewichtleazens fan ynfloed is op it hertfolume? Brûk net mear
as 15 wurden.
Feitlik is de titel fan it artikel in bytsje misliedend.
192pLis út wêrom’t dat sa is. Brûk net mear as 20 wurden.
201pBy watfoar tekstsoarte heart dizze tekst?
A redenearring
B resinsje
C skôging
D útiensetting
opgave 2Tekst 2 Grut wurde mei twa talen
“Is meartaligens wier sa’n mearkoppich meunster?” (r. 8-9)
211pWêrom wurdt hjir dat byld fan in ‘mearkoppich meunster’ brûkt? Brûk net mear
as 10 wurden.
221pWat is de funksje fan alinea 1?
A fraachstelling
B gearfetting foarôf
C oanlieding
D stelling
Yn alinea 2 brûkt de skriuwster in rekkenkundich argumint om oannimlik te
meitsjen dat de werklikheid oars is.
231pWat doocht net oan it rekkenkundich argumint?
A Dat ien gjin wiskundewûnder is, bewiist net dat der hiel wat meartaligen
wêze moatte.
B It argumint soe allinnich mar jilde as der minder as seis tûzen minsken
wiene.
C It is net mooglik om nei te gean oft de brûkte sifers klopje.
D It tal minsken wurdt net yn de berekkening behelle.
Alinea 3 begjint mei in definysje fan meartaligens.
241pIs de skriuwster it mei dy definysje iens?
A Ja, mar se jout der in nuansearring by oan.
B Ja, want lytse bern kinne hiel maklik twa talen tagelyk oanleare.
C Nee, want de definysje easket praktysk it ûnmooglike.
D Nee, want in twatalige is net twa ientaligen yn ien.
251pWat is it ferbân tusken de sinnen “Faak wurdt... yn ien.” (r. 24-30) en de
passaazje “ik bin... it Ingelsk.”? (r. 30-42)
A foarweardlik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
261pWat is de funksje fan it lêste part fan alinea 3 “Kennis fan... hawwe sille.”?
(r. 42-50)
A ynlieding
B konklúzje
C oanlieding
D stelling
De taalfeardigens fan meartalige bern is faak negatyf yn it nijs, bygelyks as it
giet om de problematyk oangeande taalachterstân. (alinea 6)
271pWêrom is de skriuwster it net iens mei de bewearing dat meartalige bern in
taalachterstân hawwe? Brûk net mear as 15 wurden.
282pWêrom is it wichtich om te witten dat hast de helte fan de bern dy’t yn Nederlân
in taalachterstân hawwe, ientalich is? (alinea 8) Brûk net mear as 15 wurden.
291pWat wol de skriuwer mei it kaartspultsje (alinea’s 10-11) oantoane oangeande
twataligens? Lis dat út yn net mear as 10 wurden.
De skriuwster stelt oan it begjin fan alinea 14 dat wittenskippers net sa goed
witte wannear’t bern it bêste begjinne kinne mei it oanlearen fan in twadde taal.
302pWêrom kin dat mooglik better net fuortdaliks fan de berte ôf oan? Helje it
antwurd út de resultaten dy’t it ûndersyk fan Ellen Bialystok opsmiten hat (alinea
10 en 11). Brûk net mear as 25 wurden.
312pWat is it nije yn de doelstelling fan it ûndersyk nei in twatalige opfieding dêr’t de
skriuwster nei ferwiist yn alinea 14 yn fergeliking mei de doelstelling fan de
ûndersiken dy’t neamd binne yn alinea 5? Brûk net mear as 15 wurden.
321pWat is de funksje fan de lêste alinea?
A gearfetsje
B in miening jaan
C in stelling ponearje
D konkludearje
We witte wol, stelt de skriuwster yn har lêste sin, dat beide talen dêr’t in
meartalich bern mei opgroeit, fan belang binne.
332pWat soe in Frysktalich bern dat ek Nederlânsktalich is neffens Sharon Unsworth
foar hawwe op in bern dat ientalich is?
341pWat is it skriuwdoel fan de tekst?
A ynformearje
B oantrune
C oertinke
D oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.