bronnen

Eindexamen fries havo 2022, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Fryske striid om it wetter

11p
Hokker funksje hat de ynlieding boppe de tekst?
A De ynlieding is in anekdoate.
B De ynlieding is in gearfetting.
C De ynlieding is in konklúzje foarôf.
D De ynlieding is in probleemstelling.
21p
Sitearje it sinpart út de ynlieding boppe de tekst dat de oarsaken fan
drûchte en wetteroerlêst goed ferklearje kin.
“It binne … boartsje kinne.” (r. 6-8)
31p
Hokker byldspraak brûkt de skriuwer yn dit tekstpart?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
Yn it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 3 oant en mei 5 wurdt yngien op
waarsomstannichheden dy’t ynfloed hawwe op de wetterhúshâlding.
43p
Neam út elk fan de alinea’s 3 oant en mei 5 in foarbyld fan ekstreem
waar.
“dan is de Iselmar net iens mear de rêder” (r. 56-57)
51p
Wat bedoelt de skriuwer mei dy útspraak?
A dat de Iselmar net langer in oerskot oan wetter fan de polders krijt
B dat der net genôch wetter út de Iselmear wei helle wurde kin
C dat it wetterpeil yn de Iselmar krekt sa hurd sakket as yn Fryslân
61p
Hokker sin jout it kearnboadskip fan alinea 5 it bêste wer?
A De diken om de polders hawwe te lijen fan ferskroeiende waarmte.
B Gewaaksen oerlibje de ekstreme waarsomstannichheden net.
C Oanhâldende hjitte hat grutte gefolgen foar lânbou en natuer.
D Troch gleone sinne en skrale wyn sakket it wetterpeil yn Fryslân.
72p
Lis yn eigen wurden út dat it jaan fan mear romte oan de Fryske boezem
in oplossing is foar sawol wetteroerlêst as wettertekoart.
Helje dyn antwurd út alinea 6.
81p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 5 en 6?
A Alinea 6 beskriuwt in oplossing by wat yn alinea 5 sein is.
B Alinea 6 is in nuansearring by wat yn alinea 5 sein is.
C Alinea 6 jout in gefolch by wat yn alinea 5 sein is.
D Alinea 6 makket in ferliking by wat yn alinea 5 sein is.
“It wetter fan de Iselmar is eins in lúkse”. (r. 87-88)
91p
Hokker soarte fan ûnderbouwing wurdt by dy útspraak jûn yn alinea 7?
A in ûnderbouwing basearre op emoasje
B in ûnderbouwing basearre op feiten
C in ûnderbouwing basearre op in ferliking
D in ûnderbouwing basearre op in moreel oardiel
101p
Hokker oantsjutting beskriuwt it karakter fan alinea 7 it bêste?
A ferdivedearjend
B ynformearjend
C oantrúnjend
D oertsjûgjend
De volgende inleiding hoort bij de vragen 11 en 12.
Yn alinea 8 wurde tûkelteammen neamd foar it realisearjen fan goed
wetterbehear en beskerming fan Friezen yn de takomst.
112p
Jou de trije tûkelteammen.
121p
Sitearje út alinea 8 it wurd dat it bêste in byld sketst fan it gehiel
oan tûkelteammen.
Yn de tekst draacht de skriuwer ferskate oplossingen oan foar better
wetterbehear.
132p
Jou yn it skema foar elke maatregel oan oft der in oplossing mei bean
wurdt foar wettertekoart of foar wetteroerlêst.
maatregel wettertekoart wetteroerlêst útwreiding fan gemaalkapasiteit (alinea 6)     polderpeilen omheech bringe (alinea 9)     natuergebieten en healannen oerstreame litte (alinea 9)    
141p
Wat moatte greidboeren likegoed as bouboeren dwaan neffens alinea 10?
Sy moatte oandacht jaan oan
A de kwaliteit fan harren grûn.
B in heger wetterpeil yn harren grûn.
C it regelmjittich bewetterjen fan harren grûn.
152p
As gefolch fan hokker twa maatregels binne der tsjintwurdich al mear
mooglikheden om wetter op te slaan as earder?
Helje dyn antwurd út alinea 12.
162p
Op hokker twa manieren komt de Iselmar neffens de tekst oan syn
wetter?
Helje dyn antwurden út de alinea’s 4-5 en 10-12.
171p
Hokker karakterisearring past by alinea 12?
A in beskriuwing fan de situaasje no en yn de kommende tiid
B in gearfetting fan de wichtichste saken oer wetterbehear
C in oprop foar ynternasjonale gearwurking op it mêd fan wetter
D in warskôging rjochte oan alle ynwenners fan Nederlân
In skriuwer kin gebrûk meitsje fan ûnder mear de folgjende soarten fan
ynformaasje:
1 ynformaasje basearre op politike ûntjouwingen
2 ynformaasje basearre op resinte ûnderfiningen
3 ynformaasje basearre op útspraken fan in saakkundige
4 ynformaasje basearre op wittenskiplik ûndersyk
181p
Hokker ynformaasje brûkt de skriuwer benammen yn de tekst?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 1 en 4
D 2 en 3
E 3 en 4

opgave 2Tekst 2 Jonge wrâldferbetterders: it ferskil meitsje

191p
Ut hokker twa eleminten bestiet alinea 1?
A in anekdoate en in yntroduksje
B in yntroduksje en in oanlieding
C in oanlieding en in tal feiten
D in tal feiten en in anekdoate
Tineke Clevering seit: “Mar dochs fine wy hjir yn Fryslân de ekonomy
noch altyd belangriker.” (r.16-18)
201p
Wêrom rekkenet Tineke Clevering harsels net ta dy wy, as it giet oer it
ûnderwerp klimaat?
211p
Wat is it kearnboadskip van alinea 3?
Boargers binne harren der net bewust fan
A dat goed wetterbehear it sakjen fan de boaiem tefoaren komt.
B dat it boarjen nei gas net ferstannich is yn it ramt fan wetterbehear.
C dat troch te stimmen ynfloed útoefene wurde kin op wetterbehear.
“‘Gjin grutte griene fuotbalfjilden mear, mar werom nei it natuerlike
Fryslân, mei reidkragen en greidefûgels.’” (r. 56-59)
221p
Hokker stylfiguer sit der yn ‘grutte griene fuotbalfjilden’?
A irony
B paradoks
C pleonasme
231p
Wa binne neffens Tineke Clevering (alinea 5) ferantwurdlik foar it ynfieren
fan in natuerynklusive lânbou?
A de agraryske sektor
B de beliedsmakkers en wetjouwers
C de maatskippij
D it Wetterskip
241p
Wêrom sitte boeren net te wachtsjen op natuerynklusive lânbou?
Basearje dyn antwurd op alinea 5.
Tineke Clevering wol in bettere takomst foar Fryslân. Se neamt yn de
tekst yn dat ramt trije groepearringen:
1 boargers (alinea 3)
2 beliedsmakkers en wetjouwers (alinea 5)
3 boeren (alinea 5)
253p
Hokker aksjes moatte de trije ferskillende boppesteande groepearringen
neffens Clevering ûndernimme om dat te berikken?
Let op: jou foar elke groepearring ien aksje.
261p
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 6?
A De alinea foarmet in gearfetting.
B De alinea foarmet in oanbefelling.
C De alinea foarmet in oanfitering.
D De alinea foarmet in winsk.
271p
Wat is it wichtichste doel fan Tineke Clevering (alinea’s 1 oant en mei 6)
yn har wurk?
A bydrage oan mear balâns tusken ekonomy en ekology
B Fryske boeren oantrúnje ta natuerynklusyf buorkjen
C minsken der bewust fan meitsje dat it klimaat feroaret
De vragen 28 tot en met 39 gaan over Welmoed Deinum. Zij komt vanaf
alinea 7 aan het woord.
281p
Wat is it wichtichste doel fan Welmoed Deinum har wize fan buorkjen?
A de boaiem ferrykje mei natuerlike dong
B de kij bûten rinne litte en sûn foer jaan
C de kij en de boaiem net tefolle belêste
291p
Mei hokker begryp wurdt yn it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 7 en 8 it
tsjinoerstelde fan ‘biologysk-dynamysk’ (r. 94) oanjûn?
A gongber (r. 101)
B ekstinsyf (r. 108)
C legere kostpriis (r. 116)
D sletten omrin (r. 127)
“‘hellen sy tsientûzen liter ûnder in ko wei’” (r. 101-102)
301p
Hoe kinst it taalgebrûk fan Welmoed Deinum yn dat sinpart it bêste
beskriuwe?
A It is âlderwetsk.
B It is faktaal.
C It is in wurdboarterijke.
“‘Ik wit net better.’” (r. 113)
311p
Wêr doelt Welmoed Deinum op mei dy útspraak?
A Sy buorket noch net lang op biologysk-dynamyske wize.
B Sy fynt har eigen boerebedriuw it bêste dat der is.
C Sy hat allinnich mar ûnderfining mei ekstinsyf buorkjen.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 32 en 33.
“De Graasboerderij wurket mei in sletten omrin.” (r. 114-115)
323p
Neam fjouwer bedriuwsekonomyske foardielen fan dy sletten omrin.
331p
Hokker neidiel fan wurkjen mei in sletten omrin neamt Welmoed Deinum?
341p
Wat is neffens alinea 8 de wichtichste motivaasje fan Welmoed Deinum
foar in duorsume wize fan buorkjen?
“De oertsjûging is grut.” (r. 160)
351p
Sitearje de sin út alinea 9 dy’t it momint oanjout dat dy oertsjûging by
Welmoed Deinum ûntstie.
“‘Ik wol it ferskil meitsje en sjen litte hoe’t it ek kin.’” (r. 181-182)
361p
Ut hokker eardere alinea docht bliken dat it neamde ‘ferskil meitsje’ him
net allinne beheint ta de bedriuwsfiering?
A út alinea 7
B út alinea 8
C út alinea 9
371p
Hoe kinst de opbou fan alinea 11 it bêste gearfetsje?
A De alinea befettet in ferwachting en in nij feit.
B De alinea befettet in konklúzje en in oprop.
C De alinea befettet in stânpunt en in fyzje.
D De alinea befettet in warskôging en in winsk.
381p
Mei hokker wurd út de alinea’s 4 oant en mei 6 soesto de wize fan
buorkjen fan Welmoed Deinum it bêste oantsjutte kinne?
A maatwurk (r. 56)
B natuerynklusive (r. 60)
C fertsjinnersmodel (r. 70)
D ambisjeuzer (r. 89)
391p
Wêr bestiet it ferhaal fan Welmoed Deinum (alinea’s 7 oant en mei 11)
benammen út?
it beskriuwen fan
A de foardielen fan biologysk-dynamysk buorkjen
B de wurkwize fan biologysk-dynamyske bedriuwen
C eigen ûnderfiningen mei biologysk-dynamysk buorkjen
D it belang fan mear biologysk-dynamyske bedriuwen
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.