opgave 1Tekst 1 Oars as oars
11pHokker bewearing past it bêste by alinea 1?
A Alinea 1 is in beskriuwing fan in súksesfolle gearwurking tusken twa
ferienings út Sint Nyk.
B Alinea 1 is in gearfetting fan de tekst dy't folget.
C Alinea 1 jout in yndruk fan de ynhâld fan in spesjaal toanielstik út 2009.
D Alinea 1 sketst de achtergrûn fan de jubileumfoarstelling fan it Sint Nykster
korps.
21p"In stik mei in kombinaasje fan sang, dûns en teater …" stiet yn de earste rigel
fan alinea 2.

Sitearje út alinea 1 in mooglike typearring foar sa'n stik.
31pYn alinea 2 stiet de motivaasje fan Anneke Sieperda om in jubileumfoarstelling
foar it korps te skriuwen.

Sitearje it sinpart út dy alinea dêr't har motivaasje yn ferwurde wurdt.
41pHokker ferbân is der tusken de lêste trije sinnen fan alinea 2 en de earste sin
fan alinea 3?
A foarweardlik ferbân
B konkludearjend ferbân
C oarsaaklik ferbân
D útlizzend ferbân
51pHokker ferbân is der tusken de earste sin fan alinea 3 en de rest fan dy alinea?
A foarweardlik ferbân
B konkludearjend ferbân
C oarsaaklik ferbân
D útlizzend ferbân
61pYn alinea 3 steane foarbylden fan histoaryske lokaasjes.
By hokker soarte fan skiednis út alinea 3 passe dy?
A de doarpsskiednis (rigel 33)
B de famyljeskiednis (rigel 36)
C de korpsskiednis (rigels 32-33)
D de rommere skiednis (rigels 33-34)
De folgjende ynlieding heart by de fragen 7 en 8.
Anneke Sieperda fertelt yn alinea 3 ûnder oare hoe't se it jubileumstik fan it
korps opboud hat.
71pOp hokker wize hat se besocht ôfwikseling te bringen yn de foarm fan it stik?
82pOp hokker wizen hat se besocht ôfwikseling te bringen yn de ynhâld fan it stik?
92pIt wurd "dissipline" hat twa betsjuttings.

Toan dat oan troch de beide betsjuttings fan dat wurd, sa't dy brûkt wurde yn
alinea 4, te omskriuwen.
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
101pDe muzikanten ferwachten dat de rol fan de muzyk hiel grut wêze soe (sjoch
rigels 68-71)

Sitearje in sinpart út alinea 2 dêr't út bliken docht dat Anneke Sieperda dy rol
oars seach.
111pHokker bewearing fettet de ynhâld fan alinea 5 it bêste gear?
A De dielnimmers fan it jubileumstik koene ynearsten mar min mei elkoar
opsjitte.
B De ferskillende dielnimmersgroepen groeiden yn de repetysjetiid stadichoan
nei elkoar ta.
C De muzyk spile yn it jubileumstik fan it korps fansels de wichtigste rol.
D De oarlochssêne út it stik jout in goed foarbyld fan de gearwurking yn de
produksjeploech.
121pWat is ynhâldlik it belangrykste ferskil tusken alinea 6 en de rest fan de tekst
Oars as Oars?
131pYn alinea 6 giet it ûnder oaren oer hippys, Marilyn Monroe en oer de oarloch.
By hokker soarte fan skiednis út alinea 3 passe dy ferwizingen it bêste?
A de doarpsskiednis (rigel 33)
B de famyljeskiednis (rigel 36)
C de korpsskiednis (rigels 32-33)
D de rommere skiednis (rigels 33-34)
141pHokker bewearing past it bêste by alinea 7?
A Yn alinea 7 wurdt de finansiering fan it jubileumstik beskreaun.
B Yn alinea 7 wurdt foaral op de tastânkomming en de wurdearring fan it
jubileumstik yngien.
C Yn alinea 7 wurdt in koarte resinsje fan it jubileumstik jûn.
D Yn alinea 7 wurdt it súkses fan it jubileumstik analysearre.
151pHokker betsjutting hat de titel fan de tekst?
A De jubileumfoarstelling fan De Harmonie út Sint Nyk wie hiel bysûnder.
B De korpsen yn Fryslân fiere harren jubilea meastal net mei grutskalige
foarstellingen.
C De toanielferiening fan Sint Nyk hyt Oars as Oars.
D De útfiering fan it Sint Nykster korps wie in jubileumfoarstelling.
161pDe skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 de miening fan in oar
3 syn of har eigen miening
Wêr hat Gerry Hijlkema, skriuwer fan dizze tekst, gebrûk fan makke?
A Fan 1 en 2
B Fan 1 en 3
C Fan 1, 2 en 3
171pWat is de haadgedachte fan tekst 1 Oars as oars?
A De ferminging fan doarps-, korps- en algemiene skiednis is it wichtichste
kenmerk fan it jubileumstik fan De Harmonie út Sint Nyk.
B De ûngewoane, multydissiplinêre oanpak by it jubileumstik fan De Harmonie
út Sint Nyk hat súksesfol west.
C It ferhaal fan trije generaasjes Korpsma stiet sintraal yn it jubileumstik fan
De Harmonie út Sint Nyk.
D It korps De Harmonie út Sint Nyk hat syn 100-jierrich jubileum op in
grutskalige manier fierd.
opgave 2Tekst 2 It Fryske Gea kiest foar de fûgels
181pHokker bewearing past it bêste by alinea 1?
A It neamt in anekdoate en it jout in gearfetting fan de tekst.
B It neamt in anekdoate en it doel fan de tekst.
C It neamt de oanlieding en it doel fan de tekst.
D It neamt de oanlieding en jout in gearfetting fan de tekst.
191pHokker gefolch soe it ferbieden fan it aaisykjen neffens guon fûgelwachters ha?
201pHokker ferbân is der yn alinea 3 tusken sin 1 en sin 2?
A foarweardlik ferbân
B oanfoljend ferbân
C oarsaaklik ferbân
D tsjinstellend ferbân
211pHokker ferbân is der yn alinea 3 tusken sin 2 en sin 3?
A foarweardlik ferbân
B oanfoljend ferbân
C oarsaaklik ferbân
D tsjinstellend ferbân
221pSitearje in sin út alinea's 2-3 dêr't út bliken docht, dat It Fryske Gea net sûnder
gearwurking mei fûgelwachters kin.
231pWêrom fine de skriuwers fan de tekst it beslút fan It Fryske Gea net sa
yngripend?
242pYn de gebieten fan It Fryske Gea is gjin neisoarch nedich.

Hokker maatregels soargje dêrfoar?
252pHokker tsjinstelling konstatearje de skriuwers fan de tekst tusken guon politisy
en It Fryske Gea?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
De folgjende ynlieding heart by de fragen 26 en 27.
"De foarsitter fan It Fryske Gea, Arjen van der Meer, en de direkteur, Ultsje
Hosper, lizze út wêrom't it dien is mei it aaisykjen op Gea-grûn." (rigels 5-9)
261pWêrom moat neffens alinea 2 it aaisykjen ophâlde?
Brûk foar it antwurd net mear as 10 wurden.
271pSitearje de sin út alinea 5, dy't antwurd jout op de fraach wêrom't it aaisykjen
ophâlde moat.
281pIn skriuwer kin foar syn artikel gebrûk meitsje fan feiten, fan syn eigen miening
en fan de miening fan oaren.
Wêr meitsje de skriuwers fan dit stik gebrûk fan?
A feiten
B feiten en harren eigen miening
C feiten en mieningen fan oaren
D feiten, eigen miening en mieningen fan oaren.
291pWat is het wichtichste doel fan dizze tekst?
A ferdivedearje
B oantrune
C oertsjûgje
D ynformearje
opgave 3Tekst 3 Ferkeard sinjaal fan It Fryske Gea
301pHoe wurdt de tekst 'Ferkeard sinjaal fan It Fryske Gea' ynlieden?
A troch de oanlieding te neamen ta it skriuwen fan de tekst
B troch in koarte gearfetting fan de tekst te jaan
C troch it fertellen fan in anekdoate
D troch it yntrodusearjen fan in saakkundige
311pWat is "in dúdlike koerswiziging en in trendbreuk mei it ferline"? (rigels 3-4)
A dat it aaisykjen noch hieltyd in frijetiidsbesteging is
B dat it aaisykjen op syn lêste fuotten rint
C dat It Fryske Gea it aaisykjen hielendal ferbiede wol
D dat It Fryske Gea it aaisykjen op syn terreinen ferbiede wol
321pWat is it ferbân tusken alinea's 1 en 2?
A konkludearjend
B oarsaaklik
C opsomjend
D tsjinstellend
332p"It Fryske Gea wie de lêste natuerorganisaasje yn Nederlân dy't it sykjen en
meinimmen fan ljipaaien noch tastie." (rigels 12-13)

Hokker gefolgen soe dat foar It Fryske Gea hawwe kinne?
Brûk foar it antwurd net mear as 10 wurden.
342pWêrom stiet it belied fan It Fryske Gea no streekrjocht foar dat fan de Provinsje
en it fûgelwachtersbûn oer?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
351pAlinea 4 wurdt foarme troch trije sinnen.
Wat is it ferbân tusken de earste en de twadde sin fan dy alinea?
A konkludearjend
B oarsaaklik
C opsomjend
D tsjinstellend
361p"Dan is it net handich om dy leden foar de holle te stjitten." (rigels 22-23,
alinea 5)
Om hokker leden giet it hjir?
A om in part fan de leden fan de provinsjale steaten
B om in part fan de leden fan It Fryske Gea
C om in part fan de leden fan it fûgelwachtersbûn
D om in part fan de leden fan oare natuerorganisaasjes
372pYn rigel 29, alinea 6 brûkt de skriuwer it wurd 'stridich'.

Wêr doelt de skriuwer op?
Brûk foar it antwurd net mear as 10 wurden.
381p"It Fryske Gea jout mei dit beslút in mispleatst en ferkeard sinjaal ôf." (rigel 31)

Sitearje de sin út it foarôfgeande dêr't dat mei oare wurden sein wurdt.
(alinea's 4 oant en mei 6)
391pDer bestiet neffens Jan Luimstra in algemien erkende haadoarsaak fan it
ferdwinen fan folsleine populaasjes greidefûgels.
Op hokker haadoarsaak wurdt hjir doeld?
A gjin goede neisoarch yn 'e maitiid
B in minne gearwurking tusken natuerorganisaasjes
C it algemien ferbod op aaisykjen
D it yntinsive gebrûk fan it lân
401pWat is it doel fan de tekst?
A ynformearje en ferdivedearje
B ynformearje en oantrune
C ynformearje en oertsjûgje
D ynformearje, oantrune en oertsjûgje
De folgjende fragen geane oer de teksten: It Fryske Gea kiest foar de fûgels en
oer Ferkeard sinjaal fan It Fryske Gea.
411p"Troch mear rêst … wer tanimme sil." (rigels 83-86) is in sitaat út It Fryske Gea
kiest foar de fûgels.

Sil neffens de skriuwer fan
Ferkeard sinjaal fan It Fryske Gea, it tal
briedfûgels dan wier tanimme?
Sitearje de sin dy't oanjout hoe't Jan Luimstra dêr oer tinkt.
421pHokker útspraak giet foar beide teksten op?
A It docht bliken dat It Fryske Gea syn eigen koers farre wol.
B It Fryske Gea wol him net ûnderskiede fan oare natuerorganisaasjes.
C Provinsje, BFVW en It Fryske Gea ha in mienskiplik doel.
D Provinsje, BFVW en It Fryske Gea ha in tsjinsteld doel.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.