opgave 1Tekst 1 Petear mei Knuffelfries Syb
11pHokker fan ûndersteande bewearingen oer alinea 1 is wier?
A Syb is hiel saakkundich oangeande it Frysk.
B Syb wol net altyd mar oer it Frysk prate.
C Syb wurdt oerladen mei fragen oer it Frysk.
D Syb wurdt wolris om syn miening frege oangeande it Frysk.
Dit sitaat heart by de fragen 2 en 3.
“Syb syn langferwachte solo-album wie in dûbel-cd.” (rigels 11-12)
21pHokker foardiel wurdt dêrfan neamd yn alinea 2?
Brûk net mear as 15 wurden.
31pHokker neidiel wurdt dêrfan neamd yn alinea 2?
Brûk net mear as 15 wurden.
Dizze ynlieding heart by de fragen 4 en 5.
It is foar Syb in hiel kerwei om in liet oer te setten.
41pSitearje in sinpart út alinea 2 dêr’t dat út bliken docht.
52pSitearje trije sinparten út alinea 3 dêr’t dat út bliken docht.
61pHokker bewearing is wier?
A Syb sjongt it leafst yn it Frysk.
B Syb sjongt it leafst yn it Hollânsk.
C Syb syn foarkar foar Frysk of Hollânsk hinget fan it liet ôf.
D Syb syn foarkar foar Frysk of Hollânsk hinget fan it publyk ôf.
71pHokker kopke past it bêste boppe alinea 2 en 3?
A Frysk en Hollânsk
B Fryske of Hollânske oersettings
C Oersetten is dreech wurk
D Oersetten is moai wurk
81p“De artysten witte bytiden net iens wat se sjonge” (rigels 60-61)

Wêrom leit dat eins net foar de hân?
91pHokker ferbân is der tusken de earste sin fan alinea 5 en de rest fan alinea 5?
A It is in oarsaaklik ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
101pHokker bewearing is wier ast sjochst nei alinea 6?
A Syb stelt de Fryske taal op it foarste plak.
B Syb stelt himsels op it foarste plak
C Syb stelt syn Hollânske kollega’s op it foarste plak.
D Syb stelt syn publyk op it foarste plak.
111pMei hokker twa oantsjuttings út alinea 6 jout de skriuwster fan dizze tekst oan,
dat Syb van der Ploeg yn Fryslân en dêrbûten rûnom posityf bekend is?
121pWat is it wichtichste skriuwdoel fan dizze tekst?
A ferdivedearje
B oantrune
C oertsjûgje
D ynformearje
opgave 2Tekst 2 Hoelang hâldt Burdaard noch in doarpswinkel?
131pHokker funksje hat alinea 1?
A It is in anekdoate.
B It is in gearfetting.
C It is in konklúzje.
D It is in probleemstelling.
142p“En wy krigen it wer op ’e rit.” (rigels 27-28)

Neam de beide positive kanten dy’t de winkel foar De Jong hie.
151pWat is it ferbân tusken de alinea’s 3 en 4?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
162pHokker beide oarsaken wurde neamd foar de delgong fan de winkel?
Brûk net mear as 5 wurden.
171p“Yn de jierren dêrfoar hie it ûndernimmerspear wol wat fet op de bonken
kweekt.” (rigels 58-60)
Wat wol dat yn dit ferbân sizze?
A Se hienen in protte enerzjy om te wurkjen.
B Se hienen wol wat finansjele reserves.
C Se koenen wol wat tsjinslach ferneare.
D Se wienen beide te folle groeid.
181pWat is it ferbân tusken de earste sin fan alinea 5 en de twadde sin fan dy
alinea?
A in oarsaaklik ferbân
B in opsomjend ferbân
C in tsjinstellend ferbân
D in útlizzend ferbân
192pYn alinea 6 stiet wêrom’t Jentsje syn aardichheid ek fan de winkel ôf krige.

Hokker twa redenen wienen dat?
Brûk net mear as 20 wurden.
202p“Boppedat hat Burdaard in streekje foar op in protte oare doarpen fan deselde
grutte” (rigels 92-94)

Hokker beide foardielen hat Burdaard?
211pWat sil Jentsje de Jong fuortdaliks dwaan as er syn saak oerdroegen hat?
A daliks wer in nije saak opsette
B earst bekomme fan de lêste drokke jierren
C him gau oanmelde by in útstjoerburo
D wer by syn broer yn de ridende winkel wurkje
Understeande ynlieding heart by de fragen 22 en 23.
De tekst kin yn trije parten ferdield wurde.
1 Start en goeie jierren
2 Minne tiden
3 Takomst
221pMei hokker alinea begjint part 2?
231pMei hokker alinea begjint part 3?
opgave 3Tekst 3 Moarn
241pWat is de funksje fan alinea 1?
A Alinea 1 jout in gearfetting.
B Alinea 1 jout in wichtige konklúzje.
C Alinea 1 neamt de oanlieding foar dizze tekst.
D Alinea 1 neamt in gefolch fan dizze tekst.
251pDe tekst is in kollum. Ien fan de skaaimerken fan in kollum is, dat der faak
oerdreaun wurdt.
Yn hokker alinea komt oerdriuwing foar?
A yn alinea 1
B yn alinea 2
C yn alinea 3
D yn alinea 4
261pSitearje de kearnsin út alinea 3.
271pWat wurdt bedoeld mei “dy gefoelichheid”? (rigel 27)
282pLês alinea 4.

Hokker twa ferskillen binne der neffens Winters tusken it karakter fan de
boeren yn Fryslân en dat fan de boeren yn de rest fan it lân?
292p“Moarns bin ik noch altiten wat skruten” (rigels 44-45)

Wêr is dat it gefolch fan? Brûk net mear as 15 wurden.
302p“Dêr leit dus noch in moaie taak foar ûndersikers” (rigels 71-72)

Op hokker twa spesjale groepen moatte ûndersikers har dan rjochtsje
neffens Winters?
Dizze ynlieding heart by de fragen 31 en 32.
De tekst kin yn trije parten ferdield wurde:
1 It ûndersyk
2 Winters syn miening en ûnderfinings
3 Krityk fan Willem Winters
311pMei hokker alinea begjint part 2?
321pMei hokker alinea begjint part 3?
331pWat wol Willem Winters krekt sizze mei syn kollum?
A Der is djipgeander ûndersyk nedich nei it groetsjen.
B In swiersettige omjouwing liedt ta in skrutene hâlding.
C Sosjale ûndersikers ûndersykje minder belangrike saken.
D Wy moatte inoar wol trochgroetsje.
opgave 4Tekst 4 In folkstún is in sûne saak
341pDe earste alinea fan in tekst kin de folgjende funksjes ha:
1 it yntrodusearjen fan in deskundige
2 it jaan fan in gearfetting foarôf
3 it neamen fan de oanlieding ta it skriuwen fan de tekst
4 it ynlieden fan it ûnderwerp
Hokker twa funksjes hat alinea 1?
A 1 en 2
B 1 en 4
C 2 en 3
D 3 en 4
351pWat wie ynearsten it wichtichste doel fan folkstunen?
A arbeiders in mooglikheid jaan om har eigen griente te ferbouwen
B arbeiders út de stêd fan de natuer genietsje te litten
C arbeiders út it kafee te hâlden
D derfoar te soargjen dat arbeidershúshâldingen genôch te iten hienen
361pWat is it ferbân tusken de sinnen “‘Doe’t ik... gefal wie.’” (rigels 58-63) en
“Minsken hawwe... ferboud wurdt.”? (rigels 63-68)
A oanfoljend
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
Sjoch foar de lêste fragen de folgjende side.
371pWat is it ferbân tusken de alinea’s 3, 4 en 5?
A oanfoljend
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
381pHokker kopke past it bêste boppe de alinea’s 3 oant en mei 5?
A Feroarings
B Froulju
C Minsken fan bûtenlânsk komôf
391pDe lêste jierren wurde mear froulju lid fan Nut en Genoegen.
Wêrom soe dat sa wêze neffens Mosterman?
A De froulju ha te min jild om hannen.
B Froulju wolle ek túnkjen leare.
C Se wolle goed en sûn iten op ’e tafel.
D Se wolle kursussen folgje by Nut en Genoegen.
401pDe produkten fan de folkstún binne smaakliker as dy út ’e winkel.

Hoe komt dat neffens Mosterman?
Brûk net mear as 15 wurden.
411pOp in folkstún wurdt allerhanne griente en fruit ferboud.

Hokker funksje hat in folkstún dêrneist ek noch?
422pDe titel fan de tekst is “In folkstún is in sûne saak”.

Sitearje trije sinparten út de alinea’s 3 oant en mei 5 dêr’t itselde stiet of
bedoeld wurdt.
431pHokker doel hie Baukje Wytsma foar eagen by it skriuwen fan de tekst?
A ferdivedearje en ynformearje
B ynformearje en oantrune
C ynformearje en oertsjûgje
D oertsjûgje en oantrune
441pHokker doel hie Mosterman mei it jaan fan de antwurden yn it fraachpetear?
A ferdivedearje en ynformearje
B ynformearje en oantrune
C ynformearje en oertsjûgje
D oertsjûgje en oantrune
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.