bronnen

Eindexamen fries vwo 2005, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Taalbelied

Mei it wurd ‘lykwols’ (r. 2) wurdt in tsjinstelling tusken de earste beide sinnen oanjûn.
12p
Lis út wat dy tsjinstelling ynhâldt. Brûk net mear as 20 wurden.
21p
Hokker bedoeling hat de skriuwer mei it tekstpart fan alinea 1 o/m 3?
A De belangstelling fan de lêzer te lûken mei in aardige anekdoate.
B De lêzer út te lizzen wat him dwers sit.
C De oanlieding te fertellen wêrom’t er dit stik skreaun hat.
D Foarbylden te jaan fan it probleem dêr’t de tekst oer giet.
Yn alinea 2 en 3 wurde trije situaasjes neamd dêr’t Friezen yn oergean op it Hollânsk.
32p
Wat is de oerienkomst tusken dy situaasjes? Brûk net mear as 15 wurden.
Oan it begjin fan alinea 4 fertelt de skriuwer dat ‘it foarfaltsje’ him yn it sin kaam.
41p
Sitearje de sin of it sinpart dêr’t er fierderop yn dúdlik makket wêrom’t dat foarfaltsje him
yn it sin kaam.
52p
Wêrom kiest de skriuwer foar it wurd ‘bekearing’ yn de sin: ‘Bekearing’ bart net op grûn
fan nota’s (r. 34)? Brûk net mear as 20 wurden.
64p
Hokker twa soarten fan arguminten brûkt de skriuwer om de lêzer derfan te oertsjûgjen dat
adaptive taalbegelieding wol effekt hat? Nûmerje de twa soarten en jou de arguminten dy’t
dêrby hearre. Brûk net mear as 20 wurden.
Yn alinea 5 seit de skriuwer dat it belied sa as dat beskreaun is yn de nije Taalnota, in
dúdlik effekt hawwe sil.
71p
Wat wurdearret de skriuwer neffens alinea 5 yn de nije Taalnota? Brûk heechút 12 wurden.
81p
Wêrom is hy lykwols net tefreden oer de nije nota? Jou it antwurd yn eigen wurden.
91p
Wat is it ferbân tusken alinea 5 en alinea 6? Brûk net mear as ien wurd.
102p
Wêrom fynt de skriuwer it net foldwaande as de bern op skoalle knap Frysk leare? (al. 7)
Brûk net mear as 20 wurden.
Yn alinea 7 brûkt de skriuwer in drôchreden.
111p
Hoe kin dy riddenaasjeflater it bêste omskreaun wurde?
A De skriuwer bestriidt in opfetting dy’t oaren miskien net iens hawwe.
B De skriuwer brûkt mei de formulearring ‘it gewoane rûfeltsje dat wy al withoefaak heard
hawwe’ ten ûnrjochte kleure taal.
C De skriuwer docht in ferkeard berop op de skiednis.
D De skriuwer makket syn bewearing wier troch in berop te dwaan op de konsept-nota dêr’t
hy it sels net mei iens is.
Yn de tekst wurde twa foarmen fan taalbelied foar inoar oer steld.
122p
Hokker twa foarmen binne dat?
131p
Mei hokker sin kin dit artikel it bêst gearfette wurde?
A De Konsept-Nota Taalbelied Provinsje Fryslân is foar it Frysk in ramp.
B Der moat noadich in kultuerfilosofyske konferinsje op priemmen set wurde.
C It Frysk moat net allinnich mei papieren plannen stipe wurde.
D Taalûnderwiis kin net bûten in taalfilosofysk ramt.
De skriuwer is fan betinken dat der oan it ûnderwiis yn it Frysk nochal wat mankeart.
142p
Is syn argumintaasje foar dy miening op feiten basearre, of mear op mieningen?
Jou in koarte taljochting.
151p
Wat is de bedoeling fan dizze tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje

opgave 2Tekst 2 Meartaligens yn it alfabetisearringswurk

161p
Wat hawwe de dielnimmende lesjouwers fan de proefkursus Frysk leard as it giet om it
alfabetisearringsûnderwiis yn Fryslân?
It grutste probleem fan de Fryske analfabeten is
A dat se Frysk prate.
B dat se har yn it Hollânsk net uterje kinne.
C dat se net genôch selsbetrouwen hawwe.
D dat se net lêze en skriuwe kinne.
172p
Wat is it ferskil tusken de Frysk- en de Nederlânsktalige dosinten op de proefkursus Frysk
as it giet om de fraach hokker ynfloed in taal hat op it selsbyld fan de sprekker fan dy taal?
Brûk net mear as 15 wurden.
“Guon jouwe de skuld oan it feit dat se Frysktalich binne”, stelt Nico Visser úteinlik fêst.
(r. 35-36)
182p
Is Nico Visser it mei de opfetting fan dy kursisten iens? Motivearje it antwurd yn heechút
15 wurden.
“Prate en harkje, dat kin elkenien wol.” (r. 40)
191p
Wat betsjut dat?
Dat is:
A de miening fan Mulder.
B in miening dêr’t elkenien it wol oer iens is.
C in miening dêr’t Mulder it yn dit gefal net mei iens is.
D in miening dêr’t nimmen it mei iens wêze kin.
202p
Wêrom fynt Mulder it gjin goede saak, dat minsken op alfabetisearringskursussen fierstente
faak mei de stavering te krijen hawwe? Motivearje it antwurd mei help fan de tekst.
Brûk net mear as 25 wurden.
Fragen by tekst 1 en tekst 2
Yn tekst 1 skriuwt Koen Zondag oer it ûnderwiis oan Frysktalige bern, yn tekst 2 hat Bertus
Mulder it oer it ûnderwiis yn Fryslân oan folwoeksenen dy’t net lêze en skriuwe kinne.
212p
Hokker krityk hawwe Zondag en Mulder beide op de besteande gong fan saken by it
taalûnderwiis?
222p
Yn hoefier binne Zondag en Mulder it net alhiel mei-inoar iens wat de oanpak fan it
alfabetisearringswurk oangiet?
Tink derom: de lêste fraach fan dit eksamen stiet op de oare side.

opgave 3Tekst 3 Taal is mear as saaklike ynformaasje

2318p
Meitsje in gearfetting fan tekst 3.
Soargje derfoar dat dy foldocht oan de neikommende betingsten:
• de gearfetting hat net mear as 250 wurden.
• de gearfetting hat deselde opbou as de oarspronklike tekst.
Ferdiel de gearfetting yn fjouwer dielen en brûk dêrby de folgjende kopkes yn de hjirboppe
fereaske folchoarder:
• Fryslân;
• Funksjes fan taal;
• Gefolgen fan in grutter wurdende wrâld;
• Takomst fan de talen.
√(Einde)
Lees verder