opgave 1Tekst 1 Bliuwt de Ljouwerter Krante bestean?
11p
De funksje fan de earste alinea kin it bêste omskreaun wurde as:
fraachstelling.
gearfetting yn it foaren.
in priuwke fan de ynhâld.
oankundiging fan it ûnderwerp.
21p
Wêrom is de lêshonger fan ‘dûbeldlêzers’ (r. 2) deun?
Om’t dy fan beide kranten mar ien betelje.
Om’t dy net it folle abonnemintsjild betelje wolle.
Om’t harren lêshonger net grut is.
Om’t harren lêshonger samar wer oer is.
32p
Jou oan hoe’t de skriuwer komt oan it tal fan twahûndert en fyftichtûzen minsken dy’t de
Ljouwerter Krante lêze.
43p
Is de konklúzje fan alinea 2 dat de Ljouwerter Krante de wichtichste ynformaasjeboarne is
foar de ‘lytse wrâld’, goed ûnderboud? Jou in motivearre antwurd.
53p
Wat is neffens alinea 3 it gefolch fan de saneamde ‘ontlezing’ foar de oare deiblêden yn
Nederlân? Lied it antwurd ôf út dyselde alinea.
62p
Binne de fragen yn alinea 4 lykskikkend, ûnderskikkend, of komme allebeide skikkings-
foarmen hjir foar? Jou in motivearre antwurd.
71p
Hokker wurden yn deselde alinea slute oan by ‘ien oerkoepeljend format’ (r. 29)?
It stik dat bestiet út alinea 5 oant en mei 9 kin yn trije parten opdield wurde.
81p
Dy dielen kinne oantsjut wurde mei de kopkes:
byld – klisjee – ferskil.
finster – sfear – missers.
funksje – foarm – kwaliteit.
tichteby – nivo – ferfrjemdzjend.
92p
Hokker artikels yn de Ljouwerter Krante binne minder fan kwaliteit as de oaren en hoe
komt dat?
102p
Wat is de gefoelswearde fan alinea 10? Motivearje it antwurd mei trije foarbylden út de
tekst.
Yn de Ljouwerter Krante binne eins nea primeurs te finen (sjoch r. 58-59).
113p
Neam fjouwer persoanen, ynstânsjes of omstannichheden dy’t dêr de oarsaak fan binne. Jou
by elk in koarte taljochting.
Alinea 12 bestiet út in kettingriddenaasje. Dat hâldt yn dat it gefolch fan it iene, wer in
oarsaak is fan it oare.
122p
Hokker kettingriddenaasje is dat yn alinea 12? Beneam de oanbelangjende eleminten as
‘oarsaak’ en/of ‘gefolch’.
131p
Hokker elemint út de gearfetting fan alinea 13 is net earder yn Jansma syn artikel neamd?
142p
Hokker ynhâldlike tsjinstelling falt op by de fergeliking fan alinea 2 en 14?
153p
Op trije plakken wurdt de reden oanjûn wêrom’t it ek foar de Ljouwerter Krante dreech is
om in funksje yn nijsfoarsjenning en opiniearring foar in grut publyk fêst te hâlden.
Sitearje dy trije plakken.
161p
Op grûn fan de twa fragen yn de earste alinea kin de tekst ferdield wurde yn twa parten.
Mei hokker alinea begjint it twadde part?
Yn alinea 4 stelt Jansma de fraach: “Wat hat dy krante dat him sa sterk makket?” Hy
opperet in stikmannich mooglikheden.
171p
Wat is úteinlik Jansma syn oardiel oer de kwaliteit fan de Ljouwerter Krante?
Hy fynt dat der neat op de kwaliteit oan te merken is.
Hy fynt de kwaliteit eins mar min.
Hy fynt de kwaliteit net goed, mar ek net min.
Hy fynt de kwaliteit oer it generaal goed, mar der binne in pear minpunten.
Hy fynt de kwaliteit teloarstellend, al binne der wol in stikmannich pluspunten te neamen.
186p
Jou in krityske reaksje op de lêste alinea. Brûk dêr op syn minst trije sitaten út de tekst by
en skriuw net minder as 50 wurden.





















