opgave 1Tekst 1 Memmetaal
13p
Hokker sinspart út alinea 1 jout it antwurd op de fraach dêr’t de tekst mei iepenet:
’Wêrom is taal sa belangryk?’?
De earste alinea fan dizze tekst bestiet út in opsomming fan fragen.
24p
Is de folchoarder fan de earste fjouwer fragen fan de earste alinea willekeurich of net?
Motivearje it antwurd mei net mear as tweintich wurden.
32p
De gaadlikste gearfetting fan alinea 2 is:

De taal dy’t ien tafallich oanleart, is ien út in ûnfoarstelber grut tal typen.

De taalmooglikheden binne noch lang net útput.

It tal mooglike talen is folle grutter as it hjoeddedei besteande.

Taal is net oanberne, mar oanleard.
Yn de earste en de twadde sin fan alinea 3 (rigel 23 en 25) stiet it wurd tafal.
43p
Sitearje it sinspart út dy alinea dat jildt as argumint foar it brûken fan it wurd
tafal.
54p
Lis út wat it dierpsychologyske begryp ’Prägung’ (rigel 36) ynhâldt, as it tapast wurdt op it
oanlearen fan in taal. Brûk net mear as 25 wurden.
62p
Alinea 5 is yn ferbân mei alinea 4

in argumint.

in ferklearring.

in nuânsearring.

in tsjinstelling.
De wiidweidige beskriuwing fan it taallearproses, sa’t dy foarkomt yn alinea 5, is perfoarst
net folslein.
72p
In wichtige faktor by it oanlearen fan in taal dy’t de skriuwer yn alinea 5 net neamt, is

de fysike feardigens fan it bern.

de foarbyldfunksje fan de mem.

de yntelliginsje fan it bern.

it reaksjepatroan fan de mem.
82p
De bêste gearfetting fan alinea 6 is:

Dat it bern de taal oanleart fan syn biologyske mem is, fan it bern út sjoen, tafal.

De affektive bân mei de eigen mem is it wichtichste betingst foar it oanlearen fan de
memmetaal.

Foar it oanlearen fan in taal is hoe dan ek in frou ûnmisber foar it bern.

Foar it oanlearen fan in taal is in affektive bân wichtiger as de biologyske bining.
Alinea 7 kin besjoen wurde as in opienfolging fan sinnen dy’t kausaal mei-inoar gearhingje.
96p
Neam trije kausale ferbannen út alinea 7 troch neifolgjend skema yn te foljen:
1 oarsaak..... – gefolch......
2 oarsaak..... – gefolch......
3 oarsaak..... – gefolch......
Dizze ynlieding heart by de fragen 10 en 11.
Yn alinea 9 wurdt ta ferdúdliking it byld fan de ’wiksel’ út it treinferkear brûkt. Dit byld
wurdt tapast op twa ferskillende prosessen.
104p
Wat is de oerienkomst tusken dy prosessen?
114p
Wat is it ferskil tusken dy prosessen?
123p
Sitearje de sin yn alinea 9 dêr’t it foarbyld yn alinea 10 in argumint foar is.
Dizze ynliedende sin heart by de fragen 13 en 14.
It wurd ’memmetaal’ wurdt yn dizze tekst op twa wizen nuânsearre.
134p
Hoe wurdt it begryp
mem yn dizze tekst nuânsearre?
143p
Sitearje de sin yn alinea 10 dêr’t yn de foarm fan in paradoks it begryp
taal mei nuânsearre
wurdt.
155p
Sis yn eigen wurden ta hokker konklúzje de skriuwer fan dizze tekst komt.
Brûk net mearas 30 wurden.
164p
Lis út wêrom’t it neffens de skriuwer foar de pjutten yn in Frysktalich doarp eins ferkeard
is, as de juf fan it pjutteboartersplak gjin Frysk praat. Jou twa arguminten, nûmerje dy en
brûk yn totaal net mear as 30 wurden.
It lêzerspublyk fan dizze tekst kin (sjoch alinea 1) yn twa groepen opsplitst wurde.
176p
Is it boadskip foar beide groepen itselde?
Motivearje it antwurd yn maksimaal 30 wurden.De problematyk fan tekst 2 kin men ek besjen út de hoeke fan Bergstra wei, sa’t dy ta
utering komt yn de lêste alinea fan tekst 1.
184p
Wat soe neffens Bergstra it wichtichste foardiel wêze kinne fan it brûken fan it Esperanto
yn it Europeesk Parlemint? Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.