bronnen

Eindexamen fries vwo 2002, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Fryslân mei gjin Nuon-lânskip wurde

Kearnsin fan alinea 1 is: „De diskusje … frjemde kanten.” (r. 1)
13p
Dêr bedoele Hosper en Willemsma mei dat se it frjemd fine:
A dat der noch hieltyd minsken binne dy’t fine dat de ynfloed fan wynmûnen op it Fryske
lânskip noch net genôch bestudearre is.
B dat der noch hieltyd minsken binne dy’t it oandoare en freegje Provinsjale Steaten om útstel
as it giet om in plan foar de bou fan wynmûnen.
C dat it Nuon besoarge minsken yn it iepenbier it leksum lêst.
D dat it Nuon docht of is dy ûndernimming foarstanner fan it brûken fan wynenerzjy.
Alinea 2 bestiet út in opsomming fan oarsaken en gefolgen.
24p
Sitearje de 5 sinnen út alinea 2 yn de folchoarder fan oarsaken en gefolgen.
34p
Hokker sin(nen) út alinea 3 hie(nen) better yn alinea 2 past? Motivearje it antwurd.
Brûk foar de motivaasje net mear as 10 wurden.
Lês de ûndersteande bewearings.
I Hosper en Willemsma binne it mei de argumintaasje fan it Nuon, sa as dy yn alinea 2 en
3 jûn wurdt, iens.
II Hosper en Willemsma binne it mei de einkonklúzje fan de argumintaasje fan it Nuon, sa
as dy yn alinea 2 en 3 jûn wurdt, iens.
43p
Hokker bewearing(s) is af binne wier?
A I is wier.
B II is wier.
C I en II binne wier.
D I en II binne net wier.
„Dan hawwe wy it noch net … oalje en gas.” (r. 25-26) Dy opmerking is bedoeld as in
oanfoljend argumint. De stelling dy’t dêrmei ferdigene wurdt, is net mei safolle wurden yn
alinea 4 opnommen.
54p
Formulearje dy stelling, of helje him út de tekst. Brûk net mear as 20 wurden.
64p
Hokker soarte drôchreden brûke Hosper en Willemsma yn de twadde helte fan alinea 4?
Motivearje it antwurd. Brûk foar de motivaasje net mear as 15 wurden.
72p
Hokker twa beswieren hawwe Hosper en Willemsma tsjin it brûken fan wynenerzjy?
Nûmerje de beswieren en brûk foar elts beswier net mear as 10 wurden.
It Nuon ferwyt Hosper en Willemsma dat se út eigenbelang tsjin it brûken fan wynenerzjy
binne.
84p
Yn hoefier is it wier dat Hosper en Willemsma tsjin wynenerzjy binne út eigenbelang?
Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.
94p
Is de reaksje fan Hosper en Willemsma yn alinea 7 op it ferwyt fan it Nuon dat se út
eigenbelang hannelje, oertsjûgjend? Motivearje it antwurd.
Brûk net mear as 20 wurden
Yn alinea 8 brûke Hosper en Willemsma in drôchreden om har stelling „Skielk wol … eigen
Nuon-lânskip.” (r. 52-53) te ûnderbouwen.
103p
Wat foar soarte fan drôchreden is dat en wat kin dêr tsjin ynbrocht wurde?
113p
Wêrom stiet ’einleaze mooglikheden’ (r. 61) tusken skrapkes?
A It ferwiist nei de multinational-plannen fan it Nuon.
B It is in sitaat út alinea 1.
C It is in sitaat út alinea 1 en it is iroanysk bedoeld.
D It is net letterlik bedoeld en ferwiist iroanysk nei de moardzjende ynfloed fan de wynmûnen
op de fûgelstân (benammen de wetterfûgels).
122p
Op hokker manier wurde de lêzers yn de lêste alinea troch Hosper en Willemsma
beynfloede?
134p
Neam de saaklike en de emosjonele oanlieding foar it skriuwen fan dit artikel.
Brûk net mear as 15 wurden.
Hosper en Willemsma binne it net iens mei de plannen sa’t dy nei foaren komme yn it
Streekplan Wynstreek 2000. Se komme mei harren eigen ideeën.
146p
Neam trije fan dy ideeën. Nûmerje dy en jou by elts in kritysk kommintaar yn de foarm fan
in fraach of in tsjinargumint, basearre op de tekst. Brûk foar elts nûmer heechút 15 wurden.

opgave 2Tekst 2 Hâlden en kearen mei it Frysk yn de krante

1540p
Fetsje de tekst gear yn maksimaal 175 wurden. De gearfetting moat in goedrinnende tekst
wêze yn goed Frysk, dy’t ek te begripen is foar lju dy’t de oarspronklike tekst net lêzen
hawwe. Lit de riddenaasje fan de auteur goed útkomme. Fetsje de tekst gear yn eigen
wurden; allinne begripen dy’t net mist wurde kinne, meie út de oarspronklike tekst
oernommen wurde, mar gjin hiele sinnen.
Soargje derfoar dat yn de gearfetting de folgjende aspekten goed beljochte wurde:
• de krityk fan lêzers oangeande it Frysk yn ’e krante;
• de reaksje fan Pieter de Groot;
• ûntjouwings;
• it ideaal en de tûkelteammen.
√(Einde)
Lees verder