bronnen

Eindexamen fries vwo 2003, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 In bûterblom op de rûchskerne

11p
Hokker stylfiguer wurdt yn de earste sin fan de tekst brûkt om de oandacht fan de lêzer te
winnen?
A byldspraak
B irony
C sarkasme
D wurdboarterij
21p
Hokker funksje hat alinea 1?
A Alinea 1 jout de doelstelling fan de tekst.
B Alinea 1 jout de probleemstelling fan de tekst.
C Alinea 1 jout in foarbyld fan it ûnderwerp fan de tekst.
D Alinea 1 jout yn it foaren de konklúzje fan de tekst.
De lêste sin fan alinea 2 jout in miening.
31p
Hokker stylfiguer is yn dy sin brûkt?
Alinea 2 bestiet út in bewearing en in argumintaasje.
43p
Besprek de ynhâldlike kwaliteit fan dy argumintaasje. Brûk net mear as 25 wurden.
Yn alinea 2 en 3 wurde punten fan krityk op de televyzjeprestaasjes fan Omrop Fryslân nei
foaren brocht. It begjint mei it ferwyt dat it taalgebrûk en de programma’s sels ‘yngreven’
ûnnoazel binne.
52p
Hokker oare fjouwer punten fan krityk komme yn dy beide alinea’s nei foaren?
Yn alinea 3 wurde trije fragen steld.
62p
Hokker fan dy fragen is/binne retoarysk bedoeld en hoe docht dat út de tekst bliken?
71p
Wat jout de skriuwer oan mei de bewearing, dat it programma Breedbyld fansels radio is
(r. 26)?
A De skriuwer jout oan, dat hy op ’e doele rekke is.
B De skriuwer jout oan dat it ferfelend is dat it programma tiisdeis earst al op de radio
útstjoerd is.
C De skriuwer jout oan dat it om in praatprogramma giet.
D De skriuwer kritisearret de makkers dat it programma net oer de radio útstjoerd wurdt.
Yn r. 31 stelt de skriuwer: “mar feitlik is it krekt oarsom”.
82p
Lis yn eigen wurden út wêrom’t de skriuwer it slim fynt dat it krekt oarsom is. Brûk net
mear as 25 wurden.
Neffens alinea 5 is humor by de Omrop fier te sykjen. Dochs leveret it nijs foar guon
sjoggers, neffens de tekst alteast, gauris wille op.
92p
Meitsje yn eigen wurden dúdlik hoe’t it te ferklearjen is dat guon sjoggers om it nijs fan
Omrop Fryslân wille hawwe kinne.
101p
By hokker sin út alinea 5 slút alinea 6 oan?
Besjoch de ûndersteande trije bewearings.
1 Guon sjoggers kinne om de waarman gjin wille hawwe om’t er in hampelman is.
2 Guon sjoggers meie graach nei de waarman sjen om’t er in hampelman is.
3 Guon sjoggers fine dat de waarman ûntslein wurde moat om’t er in hampelman is.
111p
Foar boppesteande bewearings jildt it folgjende:
A Allinnich bewearing 1 is wier.
B Allinnich bewearing 2 is wier.
C Allinnich bewearing 3 is wier.
D Allinnich bewearing 1 en 2 binne wier.
E Allinnich bewearing 2 en 3 binne wier.
F Alle bewearings binne wier.
Neffens alinea 6 en 8 lit Omrop Fryslân him liede troch de oanpak fan de grutte lanlike
stjoerders.
121p
Sitearje 3 sinparten dêr’t de imitaasje fan de lanlike stjoerders yn oantsjut wurdt.
132p
Meitsje yn 3 punten dúdlik wat op dy imitaasje fan de lanlike stjoerders tsjin wêze kin.
Brûk foar elts punt net mear as 10 wurden.
141p
Hokker alineaferbân bestiet der tusken de alinea’s 2 oant en mei 8?
151p
Hokker ferbân bestiet der tusken it tekstdiel fan de alinea’s 2 oant en mei 8 en alinea 9?
Fergelykje de earste sin fan alinea 10 mei de ynhâld fan alinea 8.
162p
Wat falt dêrby ynhâldlik op?
172p
Lis yn eigen wurden út wat der mei de byldspraak yn alinea 11 bedoeld wurdt.
181p
Hoe kin de tekst karakterisearre wurde?
A As in aktivearjende tekst mei ynformearjende eleminten.
B As in ferdivedearjende tekst mei oertsjûgjende eleminten.
C As in oertsjûgjende tekst mei aktivearjende eleminten.
D As in ynformearjende tekst mei oertsjûgjende eliminten.

opgave 2Tekst 2 Punten foar in programma foar Omrop Fryslân

Tekst 1 en 2 binne beide skreaun troch deselde skriuwer en se hannelje oer itselde
ûnderwerp.
196p
Meitsje dúdlik wat it ferskil is tusken beide teksten en gean dêrby yn op de
skriuwdoelstelling, it publyk en op de styl fan de teksten.
2018p
Fetsje de tekst gear yn maksimaal 200 wurden yn eigen wurden yn geef Frysk. It is net de
bedoeling dat folsleine sinnen oernommen wurde, mar it brûken fan beskate begripen en
spesjale formulearringen is tastien.
Lit de folgjende aspekten goed útkomme:
• de oanlieding foar it artikel
• de fraachstelling
• de ferskillende útstellen
√(Einde)
Lees verder